Johan Winkler
Johan Winkler (Ljouwert, 12 septimber 1840 - Haarlim, 11 maart 1916) wie in dokter, sjoernalist en publisist op it mêd fan Fryske taal en Fryske skiednis.
Winkler arbeide as dokter yn Ljouwert fan 1865 oant 1875. Ferfarde doe nei Haarlim en wije him dêr oan taalkundige-, âldheidkundige- en folkloaristyske stúdzjes. Hy hat him ek dwaande holden mei it Oera Linda Boek en mei stúdzje fan geslachts- en eigennammen. Winkler wie in pleiter foar it behâld fan it 'Aldfrysk karakter'.
Ynhâld |
Dialektikon [bewurkje seksje]
Yn 1874 publisearre er it Algemeen Nederduitsch en Friesch Dialecticon yn twa dielen. Dit dialektikon is in samling fan 200 oersettingen fan de gelikenis fan de ferlerne soan (Lukas 15, fers 11 oant en mei 32). Hûndert dêrfan komme út ferskillende plakken yn Nederlân, de oaren komme fan neder-Dútslân en Flaanderen: fan Koningsbergen (no Kaliningrad) oant Duinkerken. Elk fan dy oersettingen hat in ynlieding en ferklearjende oantekeningen. Omdat iderkear deselde tekst as útgongspunt naam is, koenen al dy dialekten goed mei elkoar fergelike wurde. Johan Winklers wurk is it earste boek dêr't de dialekten fan Nederlân systematysk yn neist elkoar set wurde.[1]
Efternammen [bewurkje seksje]
Yn 1885 wie er in pionier mei sy stúdzje yn twa dielen De Nederlandsche geslachtsnamen in oorsprong, geschiedenis en beteekenis. Hjiryn beskriuwt Winkler de systematyk fan Fryske, Nederlânske en Flaamske efternammefoarming.
By in werprinting yn 2007 wreide Jan Nijen Twilhaar it boek út mei twa haadstikken. It earste giet oer de efternammen dy't Nederlân derby krigen hat sûnt Winkler: de nammen fan Sineeske, Yndonesyske, Turkske, Arabyske, Surinaamske, Hindûstaanske en Joegoslavyske ymmigranten wurde allegear behannele. It twadde haadstik behannelt de Nederlânske bynammen: it ûntstean en de funksje fan bynammen en de systematysk yn it jaan fan bynammen. Letter hawwe P.J. Meertens en A. Huizinga ek soksoarte fan wurk publisearre.[2]
Literatuer [bewurkje seksje]
- Johan Winkler en Jan Nijen Twilhaar, Achternamen in Nederland & Vlaanderen. Oorsprong, geschiedenis en betekenis. 2007, Sdu Uitgevers. ISBN 9789012116602
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
- Winkler bibliografy by de DBNL; wurk is te lêzen of te rieplachtsjen
- Johan Winkler en it Oera Linda Boek (PDF-formaat); út: De Vrije Fries 28 (1926), op it webstee Frysk Genoatskip
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|