Skiednis fan Fryslân
Ut Wikipedy
De skiednis fan Fryslân is it ferhaal oer de bewenning fan it gebiet dat no Fryslân hjit.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Prehistoarje
De âldste fynsten fan minsken yn Fryslân binne dien yn Aldeholtpea en stamje fan om-ende-by 100.000 jier lyn. Hjir is in fûstbile fûn dy't fan in Neandertaler wie. Oft sy hjir permanint wennen is ûnwiis, fermoedlik hawwe sy it Fryske gebiet trochlutsen op jacht nei mammoeten. Yn de tiidrekken dy't derop folgen, dy fan de iistiden, wie Fryslân net bewenne.
[bewurkje seksje] Hamburgerkultuer
By Oerterp en op oare plakken yn de Wâlden binne op de ein fan de Würmiistiid wer minsken ferskynd. De restanten dy't hjir fûn binne stamje út 13.000 f.Kr. en tsjutte op de oanwêzigens fan groepen rindierjagers. Dizze minsken wurde rekkene ta de Hamburchkultuer. It lânskip fan Fryslân yn dy tiid hie doe in soad wei fan in toendra, dêr't keppels rindieren libben. De grûn wie beferzen en allinnich leech strewelte en bepaalde moassoarten tiere goed yn de kjeld. De seespegel lei 65 meter leger as tsjintwurdich, en de Noardsee wie sawat droech. De rindierjagers hawwe in soad spoaren efter litten.
[bewurkje seksje] Tsjongerkultuer
Om-ende-by 10.000 f.Kr hat in folk fan jagers en samlers rûn de Tsjonger libbe. Nei it fynplak fan harren resten wurde dizze prehistoaryske bewenners ta de Tsjongerkultuer rekkene. Dizze minsken hawwe nei alle gedachten yn de Fryske omkriten wenne yn de oergongsfase fan de iistiden nei in waarmer geologysk tiidrek, it Holoseen.
[bewurkje seksje] De Oer-Friezen
De earste fêste bewenners fan Fryslân libben nei alle gedachten op de sângrûnen yn it súdeasten fan de provinsje. Sy wienen ôfkomstich út Drinte. Troch útwreiding fan it fean rûn harren libbensromte hieltyd fierder tebek, dêr't famyljes troch fuort lutsen nei de oanloklike fruchtbere klaaigebieten bylâns de kust. Stadichoan waakste de kultuer fan dizze famyljes út ta in eigen Fryske kultuer.
[bewurkje seksje] De Romeinske tiid
Oan it begjin fan ús jiertelling skreaunen de Romeinen fan de Friezen oan de kust fan de Noardsee. Om't de Friezen útwreiden nei it suden wylst de Romeinen nei it noarden kamen, moeten de twa folken inoar, en doe't de Romeinen in grins fêststeld hienen, wienen der Friezen binnen en bûten it Romeinske Ryk. De Romeinen hienen it oer Frisiavones foar de minsken dy't besuden de Ryn wennen, en dêrmei part fan it ryk wienen, en fan Frisii foar de lju oer de Ryn, dy't gjin fêst part fan it ryk wienen, al waarden se al troch de Romeinen betwongen. Sjoen troch de eagen fan de Romeinen wienen de Frisii in nuver folk, om't se libben yn in gebiet dat twa kear deis ûnder wetter rekke.
De Wikipedy hat ek in side Romeinen yn Fryslân.
[bewurkje seksje] De Iere Midsieuwen
[bewurkje seksje] Grutte Folkeferfarren
Doe't de see wer heger kaam en de Romeinen harren mei dêrtroch werom lutsen nei it súden, lutsen ek Friezen yn dy rjochting, en foarmen nei gedachten mei oare Franken it ferbûn fan de spearen. Of der Friezen tebekbleaunen yn as by it oerstreamde Fryslân, en of it Grutte Folkeferfarren faaks nije folken nei it gebiet brocht is ûnwis. Al is dúdlik dat by it weromloeken fan de see op 'e nij in Fryske gebiet groeide, dêr't de ynwenners fansels "Friezen" fan neamd waarden. Dy Friezen wienen mei de Angel-Saksen nei Ingelân kaam, dêr't se harren fêstigen yn de eastlike kriten. Dy Friezen gouwen yn dy tiid as in folk fan seefarders; sa docht bliken dat de Noardsee yn dy tiid de Mare Frisicum (Fryske See) neamd waard. It gebiet fan 'e Friezen woeks út oant it yn de 7e ieu rikte oant de Weser yn it easten ta, en oant Brugge yn it suden. Stêden as Utert (stêd) en Dorestêd moatte wichtige Frykse hannelsstêden west hawwe.
Yn it lege lân libben de Friezen yn in altyd trochgeande striid mei it wetter. Oan de iene kant wie dêr de klaai, dy't twa kear deis ferdwûn yn see, oan de oare kant it fean, dat omleech gong as it bewenne waard. De Friezen bouden terpen, en letter ek diken as beskerming.
[bewurkje seksje] Franken
Besuden de âlde grins fan it Romeinske ryk moeten de Friezen op 'e nij in sterker folk, de Franken, en de grins waard werombrocht ta de Ryn. Uteinlik betwongen ek de Franken de Friezen, mar ek sy hienen eins net folle ynfloed yn it gebiet. Formeel wienen de Friezen part fan it Hillige Roomske Ryk, mar feitliken wienen de Friezen noch selsstannich. Yn it begjin fan it twadde millennium gongen de Friezen noch fierder, nei de westkust fan Jutlân. Dat wie lykwols net langer in útwreiding fan harren gebiet, mar mear in emigraasje. Mei it súkses fan de Hânze rûn it belang fan de Friezen werom. Yn dy tiid ûntstie ek in eigen Fryske adel, en de Friezen as folk rekken opsplitst, ôfhinklik fan hoe't dy eallju ynpast waarden yn it bûtenlânske feodale systeem.
[bewurkje seksje] Keningen
De Wikipedy hat ek in side Fryske Ryk.
Yn boarnen oer de lieders fan de Friezen wurdt praat oer Hartoggen en Keningen. It giet hjir lykwols net om oare persoanen, mar om in oare behanneling fan de skiednis. Hokfoar titels de Friezen sels brûkten is net bekend, mar skiedkundigen wize harren in titel ta op grûn fan de posysje dy't guon fan harren hienen as ûnderhearrigen fan de Frankyske lieders. Oflaat fan de Frankyske keningstitel, jout dit de Fryske lieders de titel fan Hartoch. Mar útgeand fan de lettere keizerstitel wurdt de titel fan de Fryske lieders Kening.
Nammen fan wierskynlike Fryske keningen:
Keningen dy't mei wissichheid bestien hawwe:
[bewurkje seksje] Hege midsieuwen
Nei de dea fan Karel de Grutte wie it Frankyske Ryk oer har hichtepunt hinne. Under syn opfolgers soe it ryk stadichoan útinoar falle yn in eastlik en westlik part. De Fryske greefskippen kamen by it westlik part te hearren dêr't it Hillige Roomske Ryk him út ûntwikkele soe. De Noarske Wytsingen makke gebrûk fan de swakkens fan it Ryk en teisterjen de kustgebieten. De wichtige Fryske hannelsstêd Dorestêd waard ferskate kearen plondere en bewenners waarden finzen nommen en troch de Wytsingen earne oars ferkocht as slaven.
De Frankyske keningen koenen neat ynbringen tsjin de ynfallen en besochten de Wytsingenlieders oan har te binen troch grutte gebieten yn lien fuort te jaan. Yn 879 waarden de Fryske gebieten in hartochdom dat ûnder lieding stie fan de Noarman Godfried. Hy waard yn 885 fermoarde troch de Fryske greve Gerolf, dy't mei dizze died it Frankyske Ryk befrijde fan de Wytsingen.
[bewurkje seksje] Greefskip Mid-Fryslân
Yn de 11e ieu ûntstie yn de tsjintwurdige provinsje Fryslân it Greefskip Mid-Fryslân dat ûnder bewâld stie fan de Brunoanen. Doe't Keizer Hindrik IV it gebiet yn 1088 tige tsjin it sin fan de Fryske greve Egbert II oerdroech oan de biskop fan Utert, kaam dy tsjin de keizer (syn neef) yn opstân. Nei de dea fan Egbert yn 1090 folge Hindrik de Fette him op as greve fan Mid-Fryslân, mar waard op 10 april 1101 fermoarde troch Friezen dy't ûnder leiding stienen fan de biskop fan Utert. Mei dit foarfal set it tiidrek fan de Fryske frijheid útein, dêr't de Friezen harsels sa goed as selsstannich yn bestjoere soenen, nettsjinsteande oanspraken fan Hollân en Utert op it gebiet.
[bewurkje seksje] Fryske Frijheid
De Wikipedy hat ek in side Fryske Frijheid.
Yn it tiidrek fan de Fryske frijheid wie Fryslân oanslute by it grutte gehiel fan de Sân Fryske Seelannen dy't meiïnoar in los ferbân "boererepubliken" foarmen fan West-Fryslân oant foarby Bremen yn Noard-Dútslân. Alle jierren op de tiisdei nei de Pinkster hienen de Fryske lannen in gearkomste rûnom de Opstalbeam yn de omkrite fan it Eastfryske Aurich, dêr't fertsjintwurdigers by inoar kamen om saken te besprekken op it mêd fan rjocht en ferdigening. Fral yn it begjin wurke de boererepubliken goed gear, mar ûnderlinge ferdieldheid foarme lykwols de grutste bedriging. Troch spul tusken de gebieten Hunsingo en Fivelog brúts it ferbûn sawat in ieu op. Doe't de Hollânske greve Willem III yn 1345 Fryslân besocht te oermasterjen stjoerden alle Fryske republiken striders. By Warns waard de Hollânske greve troch de Friezen ferslein. Lang om let feroarsaken twisten tusken Skieringers en Fetkeapers fan ôf de twadde helte fan de 14e ieu foar it útinoar fallen fan it ferbûn.
[bewurkje seksje] Skieringens en Fetkeapers
De Wikipedy hat ek in side Skieringers en Fetkeapers.
[bewurkje seksje] Fryske Steedhâlders
Yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen hie Fryslân fan 1584 oant 1747 in steedhâlderlik hof, krekt as Hollân. De steedhâlders yn Ljouwert wienen steedhâlder oer Fryslân en Grinslân, en soms oare gewesten. De earste fan dizze steedhâlders wie Willem Loadewyk. Hy krige de earenamme "Us Heit" omdat er in soad goeie dingen foar Fryslân die. Troch him waard yn Frjentsjer in universiteit stifte. Nei syn dea yn 1620 waard Willem Loadewyk opfolge troch syn broer Ernst Kasimir dy't it steedhâlderskip wer trochjoech oan syn soan Hindrik Kasimir. Beide hienen in koart bewâld en de Fryske Steaten beneamden Willem Freark, in broer fan Hindrik Kasimir, as fjirde steedhâlder.
De Fryske steedhâlders residearren yn Ljouwert dêr't sy op it Princessehof harren steedhâlderlik hof hienen. Willem Freark regearre oant 1664 en waard opfolge troch syn soan Hindrik Kasimir II. Johan Willem Friso, dy't de bernleaze Hollanske steedhâlder Willem III opfolge, wie in pakkesizzer fan Willem Freark. Troch him waard it steedhâlderlik hof yn Ljouwert opkreaze en waard It Oranjewâld de bûtenpleats fan de Fryske Nassaus. Willem Friso ferdronk by Moerdyk en syn frou Marijke Meu brocht harren soan Willem Karel Hindrik Friso grut. Dizze jonge wie de erfopfolger fan sawol de Fryske Nassaus as de Hollânske Oranjes. Yn 1747 ferfoer er nei De Haach om steedhâlder fan alle gewesten te wurden en wie Ljouwert residinsjestêd ôf.
[bewurkje seksje] Prinsdom East-Fryslân
Yn 'e rin fan de 14e ieu kaam it Upstalbeam-ferbân oan 'e ein. Dit hie te krijen mei ûnder oaren de pest en stoarmfloeden. Yn East-Fryslân krigen wichtige famyljes de kâns om yn hearskippijsysteem yn te fieren, dêr't haadlingen, "hovedlinge", de sizzenskip krigen oer beskate gebieten. Der wie net in feodaal systeem, dat de ynwenners wienen frij om krityk te uterjen en wienen noch hieltyd frije minsken. Yn 1654 waard Enno Ludwig de earste prins fan East-Fryslân. It prinsdom East-Fryslân kaam yn 1744 by Prusen.

