Henry Ford
Henry Ford (Wayne County (Michigan), 30 july 1863 – Dearborn (Michigan), 7 april 1947) wie in Amerikaanske yndustryeel.
Ford begûn yn 1903 mei syn autofabryk, dêrfoar hied er al yn 1896 syn earste auto produsearre. Troch him waard de Detroit Automobile Company oprjochte, mar dy gong lykwols al gau fallyt. Ek mei de Henry Ford Company dy't hy dêrop stifte koed er de merk net mei feroverje, en troch de oandielhâlders waard er twongen om it bedriuw te ferlitten. Pas mei syn tredde bedriuw, de Ford Motor Company hied er súkses en dat súkses sette útein mei de yntroduksje fan de T-Ford.
Foardat Ford de T-Ford op de merk kaam, hied er al eardere modellen makke. Oer de T-Ford fertelde hy dat dy yn alle kleuren te krijen wie, as it mar swart wie.
Yn syn fabriken yntrodusearre Ford it prinsipe fan de rinnende bân, in prinsipe dat er ôfsjoen hie by de grutte slachterijen. Dizze ynnovaasje fan him makke de massaproduksje foar auto's en benammen syn T-Ford mooglik. Foar de yndustryële produskje bestjutte syn fynst in revolúsje.
Antisemitisme [bewurkje seksje]
Henry Ford, wie lange tiid in oertsjûge antisemyt. Fan 1919 ôf joech er de krante The Dearborn Independent út dêr't û.m. de antisemityske fisy fan Ford yn publisearre waard. Ford sleat de krant yn 1927, en hy werrôp syn eardere antisemityske publikaasjes. Nettsjinsteande dat wie Ford op 30 july 1938 de earste ûntfanger fan it Grosskreuz des Deutschen Adlerordens, de heechste Nazi-ûnderskieding foar bûtenlanners, troch syn ynspannings om betelbere auto's foar elkenien te meitsjen. Op 7 jannewaris 1942 skreau hy in iepen brief oan de Anti-Defamation League, dêr't hy de joadehaat fersmiet en hope dat antisemitisme foar altyd einigje soe.