Antysemitisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Antisemitisme)
De Jood, út De maskers af! fan Theo van Doesburg

Antysemitisme (joadehaat) is de diskriminaasje fan Joaden op grûn fan harren etnisiteit of religy. It antysemitisme wurdt skaaimerke troch in fijannige hâlding en foaroardielen foar de joaden oer. In faak hearde oarsaak soe wêze dat yn de bibel de joaden Jezus Kristus ombrocht hawwe. In foarm fan antysemitisme is judeofoby, eangstme foar joaden, yn 'e regel feroarsake troch de grutte maatskiplike ynfloed dy't hja hawwe soene of troch grizelferhalen oer de ûntaarde religieuze praktiken (it offerjen fan bern, ensfh.) dy't hja bedriuwe soene.

Joaden en it Joadendom hawwe yn de skiednis faak te krijen hân mei wjerstân (of ferset of haat) fan tsjinstanners. In soad foarmen fan dy wjerstân liite har gearfetsje yn de term 'antysemitisme'. Yn de skiednis hawwe ekstreme uterings fan antysemityske aard faket laat ta moard op Joaden, lykas yn pogroms en de Holocaust. Neist de term 'antysemitisme' wurdt ek de term anti-judaïsme faak brûkt; dit lêste dan mear as kenskets fan de teologyske tsjinstanners fan it Joadendom (dus los fan de Joadske etnisiteit, mar him rjochtsjend op de leauwenskant).[1]

Yntroduksje fan de term[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De term 'antysemitisme' waard foar it earst brûkt tusken 1870 en 1880 yn Dútslân troch Wilhelm Marr, ûnder oare yn syn Antisemitische Hefte út 1879. It ferskynsel sels is lykwols folle âlder as de 19e iuw. Antysemitisme moat net betize wurde mei antysionisme, dat him rjochet tsjin it sionisme en dêrmei tsjin de stifting en it betsean fan de steat Israel, of tsjin de Sionistyske doelstelling ta in Grut-Israel te kommen. Antysionisten binne net per se antysemitysk.[2] Soms wurdt wol besocht antysionisme te bestriden troch it as antysemitisme te bestimpeljen.

Antysemitisme kin fuortkomme út meardere ideologyen, lykas fûnemintalistysk kristendom, islam, nasjonalisme, kommunisme, rasisme, nasjonaalsosialisme en fassisme, wêrby't Joaden of it Joadendom as religy as tsjinstanner, fijân of ferwerplike religy sjoen wurde kinne (bygelyks as fijân fan Kristus of Allah, frjemdling, kapitalist, kommunist ensafuorthinne).

Antysemitisme is net yn alle gefallen in bewust keazen polityk of religieus stânpunt, mar kin ek fuortkomme út foaroardielen of tinkfouten (fallacia consequentis). Sa 'konkludearre' de 19e-iuwske Dútske komponist Richard Wagner, dy't in fervint antysemyt wie, dat as hy ien net lije mocht, dyjinge dan in Joad wêze moast as oars dochs syn mem alteast in joadinne wêze moast.[3] Dit nimt net wei dat Wagner útfieringen fan earste produksjes fan nije operakomposysjes krekt oan Joadske diriginten tabetroude: ien fan de soad paradoksen yn de libbensskiednissen fan de komponist.

Neffens guons[4][5] hingje antysemiten ek gauris ferskate komplotteoryen oan, wêryn dan oan Joaden in faak ferhoalen bepalende rol yn "it wrâldbarren" tadichte wurdt, of in stribjen nei wrâldoerhearsking. Faak wurdt dêrby gjin ûnderskied makke tusken bygelyks Joaden (as folk) en joaden (as oanhingers fan in religy) en bygelyks ek tusken it sionisme en de steat Israel.

In oantal foarfallen yn de wrâld wurdt - fanút antysemitysk tinken - op negative wize oan Joaden taskreaun (de Joad of it Joadendom as sûndebok), fan de Russyske revolúsje oant de oanslach op de Twin Towers in New York op 11 septimber 2001.[6]

Foaroardielen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op dizze print fan James Gilray út 1763 is in oantal anty-semityske en anty-roomske foaroardielen gearbrocht.

Antysemitisme is faak basearre op eangst, fuortkommend út foaroardielen. De foaroardielen kinne ûnder oare ekonomysk, religieus, polityk of (biologysk-)rassistysk kleure wêze.

  • Ekonomyske foaroardielen binne faak basearre op het argumint dat Joaden finansjele macht hawwe soenen. Se soenen alle banken besitte en soenen har noas ophelje fan hantwurk. De oarsaak fan it relatyf hege oantal Joaden yn de finansjele merk lei der lykwols yn dat de joaden yn grutte dielen fan Europa fan de measte beroppen útsluten waarden. Tsjinoer in lyts persintaazje súksesfolle Joaden stienen grutte oantallen Joaden dy't generaasje op generaasje yn djippe earmoede libben.[7] Soksoarte foaroardielen wurde oars ek faak brûkt tsjin Sinezen (de 'joaden' fan Súdeast-Aazje) troch Yndoneezjers, Fietnamezen en Tais.[8]
  • Kristlike religieuze foaroardielen binne ûnder oare basearre op de ûnderstelde fijannige hâlding fan joaden foar Jezus Christus en de earste kristenen oer. Dit spile in de midsiuwen sterk, mar komt no minder foar. Yn de jierren 80 fan de 20e iuw kaam de famylje Goeree noch mei dy miening yn it nijs.[9]
  • Politike foaroardelien binne yn it ferline û.o. basearre op de stelling dat Joaden deropút wêze soenen de hiele wrâld te oerhearskjen, ûnder oare basearre op de Protokollen fan de Alderen fan Sion, ek al blykte it úteinlik in ferfalsking te wêzen.[10]
  • Biologysk-rasistyske foaroardielen komme fuort út it tinkbyld dat de Joaden minderweardige minsken wêze soenen, en binne basearre op foutive ynterpretaasjes fan de genetika (Mendel), en pseudowittenskip. Dit kaam benammen yn Dútslân en eastenryk yn de 19e en begjin 20e iuw foar. Der waard betôge om Joaden te ferbieden har fuort te plantsjen omdat se it ras 'degenereare' soenen. Dit soarte teoryen laten úteinlik ta de eksessen fan it Tredde Ryk.
  • Ek in soad oare foaroardielen waarden of wurde JOaden foar de fuotten smiten. Yn de Midsiuwen waard bygelyks beweard dat Joaden de pest feroarsaken. Dit soe ôf te lieden wêze út it feit dat sy net besmet rekken. De werklike reden blykte lykwols harren gruttere hygiëne, wêrtroch't de minder yn kontakt kamen mei besmette flieën en har faker ûntsmetten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  1. Sjoch ek EN:WP
  2. Zionist en Jood, twee te onderscheiden begrippen Artikel van Een Ander Joods Geluid (EAJG)
  3. Jacob Katz Richard Wagner - Vorbote des Antisemitismus, útj. Jüdischer Verlag Athenäum Königstein/Ts. (1985) ISBN 3-7610-8374-2
  4. Bygelyks The Jewish conspiracy exposed, thejewishconspiracyexposed.wordpress.com, Webstee fol mei komplotteoryen oer ûnderstelde Joadske macht (wyls opheft)
  5. Blame the Jews, WorldNetDaily, 26 desimber 2003
  6. Jews did 9/11, CNN op YouTube, 2007
  7. Simon Dubnow (1918), History of the Jews in Russia and Poland, Philadelphia
  8. Lynn Pan (1994), Sons of the yellow emperor: a history of the Chinese diaspora, Kodansha Globe
  9. OM besjocht ferbean artikel evangeliste Jenny Goeree, 6-9-2001, út it Algemeen Dagblad
  10. Wolfgang Benz (2007), Die Protokolle der Weisen von Zion. Die Legende von der jüdischen Weltverschwörung, C. H. Beck, München