Kiribaty

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Republic of Kiribati
Flagge fan Kameroen Wapen fan Kameroen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kameroen
Offisjele taal Ingelsk, Kiribatysk
Haadstêd Súd-Tarawa
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
km²
-­%
Ynwenners
Munt Australyske dollar (AUD)
Tiidsône UTC +12/+13/+14
Nasjonale feestdei 12 july
Lânkoade KIR
Ynternet .ki
Tillefoan 868

Kiribaty is in lân yn it wrâlddiel Oseaanje. De haadstêd is Súd-Tarawa op it eilân Tarawa.

Op Kiribaty wurdt 'Kiribaty' útsprutsen as 'Tsjyrbatsj".

Ynhâld

[bewurkje seksje] Geografy

[bewurkje seksje] Lizzing

Kiribaty bestiet út ferskate eilân-groepen en leit yn de Grutte Oseaan. It makket diel út fan de regio's Mikroneezje (Gilberteilannen) en Polyneezje (Poeniks- en Line-eilannen)

De atollen lizze yn trije arsjipels:

  • Gilberteilannen: 16 atollen, om-ende-by 1500 km te noarden fan Fidzjy
  • Poenikseilannen: 8 atollen ± 1800 km te easten fan de Gilberteilannen.
  • Lyneilannen: 9 atollen, ± 3300 km te easten fan Gilberteilannen.

Ek is der noch in isolearre eilân Banana dat te westen fan de Gilberteilannen leit.

[bewurkje seksje] Lânskip

It atol Karoline.

Kiribaty bestiet út yn totaal 33 atollen en ien eilân (Banaba), ferspraat oer in gebiet 5 miloen km² yn de Stille Oseaan. Troch de tinne boaiemlaach komt der útsein kokos- en skroefpalmen net folle fegetaasje foar. Meastepart fan dizze eilannen lizze mar 2 meter boppe seenivo.

Op it eilân Banana leit it heechste punt fan it lân op 81 meter boppe de seespegel.

Oant 1995 waard it lân yn twaen snien troch de ynternasjonale tiidsône. Fanút praktysk eachpunt waard doe keazen om hiel Kiribaty de datum westlik fan de grins te jaan. Dêrtroch is de datumgrins mei goed 3000 kilometer ferskood. Kiribaty is it ienige lân fan de wrâld dat sawol op it noardlik, súdlik, eastlik as westlike healrûn leit.

[bewurkje seksje] Skiednis

De Jeropeanen hawwe yn de 17e ieu de Gilberteilannen ûntdekke. (De namme 'Gilberteilannen' waard yn 1820 yntrodusearre, doe Adam Johann von Krusenstern, in Russysk admiraal de eilannen dy namme joech). Rûn 1800 festigen har (slaven)hannelers op de eilannen en de Gilberteilannen en de Ellice eilannen waarden yn 1892 ta Britsk protektoraat ferkleare. De omlizzgende eilannen waarden tusken 1892 en 1916 troch de Britten kolonisearre.

Under de Twadde Wrâldkriich hawwe de eilannen troch de Japanners beset west. Yn de kriich waard fûleindich om de eilannen fjochtsje.

Yn jannearis 1972 krige de eilannen beheind selsbestjoer en waarden regeare troch Reuben K. Uatioa. Twa jier letter waard Naboua Ratieta Chief Minister. Yn 1975 hawwe de Ellice-eilannen har fan de Gilberteilannen ôfskieden en waard in selsstannich lân ûnder de namme Tuvalu. De Gilberteilannen ferkrige autonomy yn 1977.

[bewurkje seksje] Demografy

[bewurkje seksje] Befolking

Om-ende-by 80% fan de befolking bestiet út Mikroneezjers, it oare part binne Polyneezjers, Jeropeanen en Sinezen. Goed 90% fan befolking wennet op de Gilberteilannen. De befolking fan Kiribaty is yn tritich jier hiel bot tanomd, fan 56.000 ynwenners yn 1978 nei 110.000 yn 2008, in ferdûbeling fan it oantal ynwenners. De befolking is dan ek jong, mear as de helte is jonger as 20 jier.

[bewurkje seksje] Taal

It Kiribatysk, in Austronesyske taal is, tegearre mei it Ingelsk, de offisjele taal.

[bewurkje seksje] Religy

Fan de befolking is 97% kristen, dêr't 55% Roomsk-katolyk en 45% Protestansk fan.

[bewurkje seksje] Ekonomy

It grutste part fan de befolking wurket op de kokosplantages fanwege de kopra fan de kokosnût dy't eksportearre wurdt. Ek fiskprodukten en seewier wurde útfierd nei it bûtenlân.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen