Oersetting

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De stien fan Rosetta

In oersetting is it oersette fan in wurd of tekst yn in oare taal as de oarspronklike.

Om goede oersettings te meitsjen kinne is mear noadich as kennis fan beide talen. Fan de boarnetaal moat net allinnich de letterlike betsjutting, mar moaten ek de nuânses, grapkes en wurdboarterijen begrepen wurde (sjoch it foarbyld hjirûnder). Yn de doeltaal moat ek in sadanige behearsking oanwêzich wêze dat de oersetter sûnder muoite wat op in grut oantal ferskillende wizen sizze kinnen. Eltse taal hat in eigen idioom, stielkonstruksjes dy't net ien op ien oer te setten binne. Ek mei de kultuer fan it lân fan de boarnetaal moat de oersetter einliks goed yn thús wêze. Foar ien dy't net twatalich grutbrocht is, is meastentiids net mooglik om folslein yn in taal te skriuwen dy't net de memmetaal is.

In goede oersetting is in tekst sjen dy't wat kontekst oangiet de bêste kar is, dy't it bêst oerienkomt mei de betsjutting yn de oarspronklike taal, en dêr't net oan te sjen is dat it in oersetting is. Meastentiids is der diskusje oer hoe letterlik wat oerset wurde moat. De doelgroep dêr't oerset foar wurde moat, spilet in grute rol by de beslissingen dy't de oersetter nimme moat by it oersetten. Hjir spilet ek it medium in wichtige rol: by de ûndertiteling fan in bûtenlânsk programma moat útsein oersette de sinnen meastentiids sterk bekoart wurde.

In technyske hantlieding moat meastentiids letterliker oerset wurde as in romantysk ferhaal. Ferskillen yn kultuer liede faak, of altyd ta begripen yn de oarspronklike dy't foar de doelgroep sûnder ekstra útlis net te folgen binne, sokke ekstra útlis wurde realia neamd. De oersetter moat yn sokke gefallen kieze foar mear útlis, of foar it substituere fan in oar mar ferlykber begryp in de doeltaal. In manier fan oersetten dy't troch in protte as ideaal sjoen wurdt, is in tekst sa ôf te leverjen dat it foar de lêzer krekt sa liket dat de skriuwer yn de eigen taal fan lêzer skreaun hat.

Berucht binne wurden dy't wat foarm oan giet in soad like op (meastentiids etymologyske besibbe) wurden yn de oare taal, mar in oare betsjutting hawwe. In foarbyld: it Fryske wurdt dreech hat in folslein oare betsjutting as it Nederlânske droog.

Foarbyld: idioom[bewurkje seksje | edit source]

  • Ingelsk
    • it's raining cats and dogs
  • Nederlânsk
    • het regent pijpenstelen/ het is hondenweer)
  • Frysk
    • it wetter falt mei bakken út de loft/ tige min waar