Skiednis fan Skotlân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It âldste steande hûs fan Noard-Europa stiet yn it Skotske Knap of Howar (3500 f. Kr.)

De skiednis fan Skotlân begûn mei de komst fan de earste bewenners nei de ein fan de lêste iistyd, sa't út argeologyske fynsten en grutte oantallen monolityske monuminten út de prehistoarje krekt as stiensirkels en grêfkelders bliken docht.

Ynhâld

[bewurkje seksje] De iere folken fan Skotlân

Yn it lêste millenium foar Kristus kamen de Kelten nei de Britske eilannen ta en fermongen har mei de oarspronklike befolking.

[bewurkje seksje] De Pikten

De Pikten wennen yn it Noardeasten fan Skotlân (Caithness, Grampian, Moray) en wienen nei alle gedachten ek fan Keltyske komôf, alhoewol't guont ek âldere eleminten fan eardere folken werom sjogge yn de Piktyske kultuer.

[bewurkje seksje] De Briganten

Te suden fan de Pikten wennen de romanisearre Briganten, in Keltyske stam dy't yn de 1e ieu troch de Romeinen ûnderwurpen waard en de hiele Romeinske tiid ûnderhearrich bliuwe soe. Nei it fertrek fan de Romeinen waard harren gebiet (Dumfries & Galloway, West Lothian) opdield yn talrike lytse keninkriken dy't hieltyd mei inoar yn kriich wienen.

[bewurkje seksje] De Gaels

De muorre fan Hadrianus

Yn de rin fan de 4e ieu festigen de Gaels, in Keltysk folk út Ierlân dy't yn it Latyn Scotti neamd waarden, har yn it súdwesten fan Skotlân te noarden fan de muorre fan Hadrianus. Ut harren taal is it hjoeddeiske Gaelik úntstien. De Gaels wienen ferdield in lytse keninkriken en soenen pas op de ein fan de 6e ieu, ferienige ûnder lieding fan kening Aidan, in keninkryk stifte dat Dalriada neamd waard en Dunadd hie as haadstêd.

Yn de 7e ieu kaam dat keninkryk klam te sitten tusken Pikten en Angelen. Sy ferlearen de slach tsjin de omhinne wenjende Angelen en Pikten en soenen yn 643 oan de Pikten ûnderhearrich wurde.

Gaels en Pikten soenen letter tegearre oantsjutten wurde mei de namme Skotten.

[bewurkje seksje] De Angelen

De Angelen dy't nei it fertrek fan de Romeinen yn Grut-Brittanje arrivearren, wienen in Germaansk folk dy't har yn it suden fan Skotlân en foar in part te noarden fan it eardere Romeinske gebiet fêstigen. Sy stiften it keninkryk Deira (Yorkshire) en wreiden har macht stadichoan út sadat de Borders, Northumberland en Cumbria ûnder har bewâld kamen. Dizze machtsútwreiding gong foaral ten koste fan de Briganten en Gaels. Yn de 6e ieu neamden sy harren keninkryk Northumbria en waard de haadstêd ferplakke nei Bamburgh.

It keninkryk fan de Angelen berikte har grutste útwreiding healwei de 8e ieu doe't sy grutte parten fan de Gaels fersloegen en oant en mei Edinboarch trochkrongen. Dêrnei late oanhaldend spul oer de opfolging en ferdieling fan lânbesit ta ferswakking fan it keninkryk. Der kaam in ein oan de opmars nei it noarden en de Gaels of Skotten feroveren hieltyd mear gebieten werom op de Angelen.

[bewurkje seksje] It keninkryk Skotlân

Troch de tebekgong fan de Breganten en Angelen kaam it bewâld oer Skotlân yn hannen fan it keninkryk fan Gaels en Pikten en sadwaande ûntstie yn de 9e ieu it keninkryk Skotlân dat ynearsten Alba neamd wurde soe. Neffens de oerlevering wie Kenneth Mac Alpin yn 848 de earste Skotske kening.

Om 850 hinne hie Skotlân te krijen mei ynfallen fan de Wytsingen. De Mac Alpins en har opfolgers de Dunkelds holden stân, alhoewol't foar lange jierren de Shetlâns en oare noardlike omkriten troch de Wytsingen beset waarden. Troch dynastike houliken ûnstienen freedsume betrekkingen tusken Noarwegen en Skotlân.

Yn de 12e ieu kaam stadichoan in proses opgong, dêr't Skotlân troch feodalisearre en nimt de ynfloed ta fan de Ingelsken yn Skotlân.

[bewurkje seksje] Auld alliance

As yn 1290 it skaai Dunkeld útstjert binne der safolle kandidaten foar de opfolging, dat de Skotten de Ingelske kening Edward I fan Ingelân freegje om in opfolger oan te wizen. Syn keuze falt op John Balliol, dy't dêrmei ynearsten sa goed as in fazal fan de Ingelsken wurdt.

Yn 1295 slút Balliol mei Frankryk en Noarwegen de auld alliance, in bûnsmaatskip tsjin Ingelân dat oant 1560 stânhâlde sil. Lykwols besetten de Ingelsken Skotlân en nimme Balliol finzen dy´t fêstsetten waard yn de Tower of London. Under lieding fan William Wallise kamen de Skotten yn opstân en hellen in oantal oerwinningen op de Ingelsken, mar yn 1305 waard Wallise troch ferried finzen nommen en deade.

Yn 1306 kaam Robert de Bruse tsjin de Ingelsken yn opstân. Hy fermoarde syn opponint John Komin en krige stipe fan de oare eallju. Troch syn oerwinning yn 1314 op it leger fan kening Eduard II dy't er op skitterjende wize fersloech by Bannockburn waard de selsstannigens fan Skotlân wersteld.

As yn 1371 de Skotske kening David II stjert krije de Stuarts it foar it sizzen yn Skotlân.

[bewurkje seksje] Boargerkrigen

Skotlân hat nea in stabyl keninkryk west en hie te krijen mei in soad spul tusken de ferskate Skotske klans. Lykwols koe it har selstannigens oangeande it folle sterkere Ingelân handhavenje. Doe't yn 1603 de Skotse kening Jakobus VI de Ingelske troan by testamint fan Elisabeth I fan Ingelân krige, waard dizze Jakobus I fan Ingelân en ferfarde nei Londen. Ynearsten bleauwen Skotlân en Ingelân twa aparte keninkriken, mar dat feroare yn 1707 doe't der in ferdrach tekene waard dat ta de oprjochting fan Grut-Brittanje liede soe. De Ingelske en Skotske parlemint waarden ûntbûn en in nij Britsk parlement oprjochte.

In protte Skotten wienen hjir min oer te sprekken en ûnder lieding fan de troanpretendinten Jakobus III en Karel III (Bonnie Prince Charlie) ûntstienen opstannen dy't meastentiid yn de kym smoard waarden. By de Eastenrykske Suksesjeoarloch besochten Frânske troepen de Jakobiten oan de macht te helpen, mar in stoarm sloech de Frânske ynvaasjefleat útinoar noch foardat dy troepen oan lân setten wurde koenen. Lykwols late dizze ynvaasje ta nije hoop ûnder de de Skotske Jakobiten, dy't yn 1745 yn opstân kamen. Bonnie Prince Charlie besluet om nei Skotlân te kommen en him oan it haad fan de opstân te stellen. Op 21 septimber 1745 kaam it ta in slach tusken de Jakobytyske rebellen en it Britske leger. De Jakobiten wûnen de fjildslach. Op 16 april 1746 waard op 'e nij slach levere Slach by Culloden. Diskear ferlearen de Jakobiten de slach, wêrtroch de opstân ûnderdrukt wurde koe. Hjirmei kaam ek in ein oan it stribjen fan de Jakobiten nei in katolike foarst en ek soenen gjin opstannen fan betsjutting mear barre yn Skotlân.

[bewurkje seksje] Tsjintwurdich

Yn 1999, sawat 300 jier nei de ôfskaffing fan har parlemint waard dizze op 'e nij oprjochte. Dat Skotske parlement hat it foech om lokale oangelegenheden te regeljen en limitearre mooglikheden om belêstings te heffen.

[bewurkje seksje] Literatuer

  • J.D. Mackie, A history of Scotland,
  • Fitzroy Maclean, Scotland, a concise history.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen