Houlik
It houlik yn it Aldfryske rjocht waard sletten troch in ferdrach tusken de famyljes fan de breid en breugeman.
De famylje fan de breugeman joech oan de oare famylje in geskink iom it mundium oer de frou te keapjen. Neist it offisjele hulik wie der ek it rôfhoulik, wêrby't de man it famke út in oare meechskip skaakte. Woe it famke by de man bliuwe, dabn wie it in jildich houlik, oars krige de man in boete omdat er it mundium skeinde. Yn de 13e ieu feroare dit ûnder it kanonnike rjocht. Letter wie foar in jildich houlik allinnich de tastimming fan beide partijen (eventueel harren âlden) nedich.
De grifformearden leinen yn de tiid fan de Republyk de klam op it tsjerklik houlik. Frije leafde (konkubinaat), twongen houliken en echtskieding waarden net tastien. Houliksferkear (iere bysliep), 'fleislike konversaasje' foar de trije ôfkundigingen (proklamaasjes) waard, seker by dûmny's, straft. It ferbrekken fan de ferloving ek. De proklamaasjes koenen 'spierd' wurde, dus opkeard. Mingde houliken joegen faak swierrichheden. It boargerlik houlik waard akseptearre. Der mocht dan yn in oar plak troud wurde as dêr't de proklamaasjes bard wienen. De befêstiging barde yn in iepenbiere tsjinst nei de preek en it brûken fan it houliksformulier. Wertrouwen waard tastien, al joegen de graden fan sibskip swierrichheden.
De 'dissenters' (roomsken, mennisten, joaden) hienen it boargerlik houlik. Fan tsjerklike houliken dy't der grif ek west hawwe is net folle bekend.
Keppeling om utens[bewurkje seksje]
- Wikiwurdboek-side - houlik.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|