Slach by Mons Graupius

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De kampanjes

De slach by Mons Graupius wie in fjildslach yn Skotlân yn it jier 83 of 84. De slach gie tusken it Romeinske leger ûnder befel fan generaal Agrikola en de Kaledoanjers yn de omkriten fan Bennachje yn Aberdeenshire. De Kaledoanjers waarden ferslein.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

De fjildslach makke ûnderdiel út fan de oermastering fan Grut-Brittanje troch de Romeinen. Ein 78 waard Agrikola troch de keizer nei it Britske eilân stjoerd om de oermastering dien te meitsjen. Sûnt 43 besochten de Romeinen it eilân te besetten.

De kampanje begûn mei in oanfal op itselde stuit oan wjerskanten fan it Penninysk berchtme. It earste doel wie om de heal pasifisearre Brigantes te ymponearjen. Hja berikten de Tyne-Solwayliny en dêrút wei gongen sy fierder nei de Forth. De feriene legers lutsen nei it noarden en bouden ûnderweis forten.

Foar 't neist waard der in provisoaryske liny troch Skotlân lein, fan de Clyde oant de Forth.

De slach[bewurkje seksje | edit source]

Yn de simmer fan 82 of 83 loek Agrikola, stipe troch in float, nei it noarden troch in tanimmend fijannich gebiet. It 9e legioen waard dêrby benei ferneatige doe't it isolearre rekke fan it haadleger. By Mons Graupius (wierskynlik by Inverness) stuite it Romeinske leger úteinlik op de haadmacht fan de Kaledoanjers ûnder kening Kalgakus. Neffens Tasitus wie it Kaledonyske leger 30.000 man sterk, folle mear as it leger fan de Romeinen. Alhoewol't de Kaledoanjers in strategysk foardiel hienen waard de slach troch de Romeinen wûn. De Romeinske dissipline wûn it fan de Keltyske moed. Yn de slach sneuvelen likernôch 10.000 Skotske krigers tsjin 360 Romeinske soldaten.

Nei de oerwinning joech Agrikola opdracht ta de bou fan in grut legioenekamp by Inchtuthil. Mei it noarden fan Skotlân hie hy hiel Grut–Brittanje oermastere.

Betsjutting[bewurkje seksje | edit source]

Mei de oerwinning yn de slach hellen de Romeinen lykwols gjin bliuwende oerwinning. In grut part fan de fersleine Kaledoanjers koenen in goed hinnekommen fine yn de Skotske Heechlannen en Agrikola sels moast koart dêrnei werom nei de haadstêd. Inkele jierren letter wienen de forten yn Skotlân al wer ferlitten.

Boarne[bewurkje seksje | edit source]