Glasgow

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Glasgow
Glaschu, Glesca/Glesgae
Fan boppe lofts ôf: Universiteit fan Glasgow, Beurs (Royal Exchange Square), It Clyde Auditorium, Hyndland, Gallery fan Moderne Keunst en de City Chambers
Fan boppe lofts ôf: Universiteit fan Glasgow, Beurs (Royal Exchange Square), It Clyde Auditorium, Hyndland, Gallery fan Moderne Keunst en de City Chambers
Sifers
Ynwennertal 592,820 (2010)
Oerflak 175,5 km²
Befolkingstichtens 3.378 / km²
Stêdekloft ± 2.550.000
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Lânsdiel Skotlân
Trad. greefskip Lanarkshire
Oar
Koördinaten Internet-web-browser.svg 55° 52' NB, 4° 16' WL
Webside www.glasgow.gov.uk

Glasgow is de grutste stêd fan Skotlân en de tredde nei ynwennertal fan it Feriene Keninkryk. It sintrum fan Glasgow leit on de noardkant fan de rivier de Clyde. Sont de Romeinske tiid hat dit gebiet al bewenne west. Ut bewarre gegevens docht bliken dat fan de 12e ieu ôf de stêd in gruttere hannelsfunksje krige.

Glasgow ûntstie út it midsieuske Bisdom Glasgow en de lettere Universiteit fan Glasgow, stifte yn de 15e ieu, dy't in sintrum fan belang wurde soe fan de Skotske Ferljoching yn de 18e ieu. Fan de 18e ieu ôf groeide de stêd út ta ien fan Brittanje's meast wichtige sintrums fan transatlantyske hannel mei Brits Noard-Amearika en Britsk West-Ynje. Under de Yndustriële Revolúsje waard de stêd mei omkriten ien fan de meast belangrike sintrums fan swiere yndustry, benammen fan skipsbou en skipfeartbesibbe yndustryen; in protte foar de tiid moderne skippen en ferneamde fartúgen binne dêr boud. Glasgow wie yn it gruteste part fan de Viktoriaanske - en Edwardiaanske tiid bekend as de Twadde Stêd fan it Britske Ryk. De yn de omkriten oanwêzige stienkoal- en izerertsfoarrie hat sines dien foar de ekonomyske bloei fan de stêd. Tsjintwurdich sit Glasgow yn de top 20 fan Europeeske finansjele sintrums en húsmanje de measte grutte bedriuwen fan Skotlân dêr.

Ein 19e ieu en begjin 20e ieu waakste Glasgow's befolking boppe de ien miljoen en wie it de fjirde stêd nei grutte fan Jeropa, nei Londen, Parys en Berlyn. Yn de jierren 1960 waard in wiidweidige stedsfernijing trochfierd. In soad minsken ferhuzen doe nei saneamde new towns en foarstêden. De grinsoanpassing dy't dêrút fuortkamen soarge foar in leger ynwennertal fan de City of Glasgow unitary authority area, op it heden sa'n 580.690, en 1.199.629 minsken yn it stedsgebiet Grut Glasgow. De befolking fan de hiele stêdekloft omklammet sa likernôch 2,5 miljoen minsken, sa'n 41% fan de befolking fan Skotlân.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Ferkear en ferfier

Glasgow is in ferkearskooppunt fan belang yn Skotlân. De M8 ferbynt de stêd mei de haadstêd Edinboarch. Fierders binne der snelwegens en oare diken foar trochgeand ferkear nei it noarden fan Skotlân, de Skotse westkust en Ingelân (oer Carlisle).

Glasgow hat twa sintrale stasjons. De treinen út Ingelân, it suden fan Skotlân en inkelde treinen út Edinboarch komme op it Sintraalstajon Glasgow oan. Stasjon Glasgow Queen Street is der foar treinen nei it noarden en foar de fluchste ferbining nei Edinboarch (fia stasjon Falkirk High). Neist it lokale spoar is der ek de metro fan Glasgow, dy't út ien sirkelline mei 15 stasjons bestiet.

Glasgow International Airport is de lofthaven fan de stêd.

[bewurkje seksje] Sport

Op it sportmêd hawwe de fuotbalklups Celtic en Rangers de stêd op 'e kaart set. De wichtichste fuotbalstadions fan de stêd binne:

  • Celtic Park (Celtic F.C.) , 60.832 sitplakken
  • Hampden Park (Queen’s Park F.C. en it nasjonale tiim) yn it stedsdiel Mount Floride, 52.054 sitplakken
  • Ibrox Stadium (Rangers F.C.) yn it stedsdiel Ibrox, 50.467 sitplakken
  • Firhill Stadium (Partick Thistle F.C.) yn it stedsdiel Maryhill, 10.887 sitplakken

[bewurkje seksje] Muzikanten en bands út Glasgow

Shipping on the Clyde, Glasgow. Grimshaw 1881
Nijmoadrich Glasgow oan de Clyde, mei it Armadillo.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Commons Commons: Glasgow – foto, fideo en harktriemmen

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sjoch: Ingelsktalige Wikipedy, ynlieding Glasgow
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen