Keningsearn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Keningsearn
GoldenEagle-Nova.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Rôffûgels (Falconiformes)
Famylje: Earneftigen (Accipitridae)
soarte
Aquila chrysaetos

De Keningsearn (Aquila chrysaetos) is in 85 sm grutte brune rôffûgel. Hy komt yn in grut part fan Jeropa foar. Yn East-Europa, Noard-Europa, Skotlân en Súd-Europa, meastentiids yn bergeftich gebiet. Mei in spanwiidte fan sa'n 2 meter sirkelt er faaks op grutte hichte boppe de berchhellingen.

Fourtplanting[bewurkje seksje | edit source]

In span Keningsearnen bliuwt foar har libben tegearre en bliuwe ek yn harren territoarium. Hjir hawwe sy meardere nêsten, meastentiids op rotswanden. Dizze nêsten wurde ôfwikseljend brûkt en eltse kear grutter makke. De âldere nêsten dy it meast brûkt binne kinne wol 2 meter yn trochsnee en 1 meter heech wurde. It wyfke sit 6 wike op de 2-3 aaien te brieden. Faak is der mar ien jong dat folwoeksen wurdt. Mei sa'n 8 wike hat it jong al syn fearren en it jong fleant út as er 80 dagen âld is. Dernei wurdt er noch in skoft troch de âlden fuorre. As it jong him sels rêde kin fleant er út.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

It iten fan de earn bestiit benammen út marmotten, hazzen en mûzen. Mar hy kin ek wol ris in jonge geit as in lamke pakke.