Murd

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Murd
Ilder.jpg
taksonomy
Ryk: dieren (Animalia)
Stamme: rêchstringdieren (Chordata)
Klasse: sûchdieren (Mammalia)
Skift: rôfdieren (Carnivora)
Famylje: martereftigen (Mustelidae)
Skaai: lytse marters (Mustela)
soarte
Mustela putorius
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De murd (Latynske namme: Mustela putorius) is in lyts linich sûchdier dat ta de famylje fan de martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela) heart, en dat lânseigen is yn it grutste part fan Jeropa (wêrûnder Fryslân) en in stikje fan westlik Sibearje. Dit bist ûntjoech him yn it Midden-Pleistoseen yn West-Jeropa, en is it naust besibbe mei de steppemurd, de swartpoatmurd en de Jeropeeske nerts. Mei de earste beide fan dy trije soarten kinne murden fruchtbere neikommelingen produsearje. De murd is de wylde foarfaar fan 'e fret, dy't mear as 2.000 jier lyn domestisearre waard foar ûngediertebestriding.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Algemiene fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Fersprieding fan 'e murd.

De murd is lânseigen yn hast hiele Jeropa, útsein Yslân, Ierlân, hast hiele Noarwegen, de noardlike trijefearns fan Sweden, de noardlike helte fan Finlân, it suden en uterste noarden fan Ruslân, de eastlike helte fan 'e Oekraïne, East-Traasje, de súdlike helte fan Albaanje, hast hiele Grikelân en de eilannen yn 'e Middellânske See. Yn Grut-Brittanje komt er inkeld foar yn Wales en de westlike Midlannen fan Ingelân, mei dêrby noch in pear isolearre populaasjes yn noardlik Ingelân en oan 'e westkust fan Skotlân. Bûten Jeropa komt de murd ek foar yn in part fan westlik Sibearje en yn it Marokkaanske Rifberchtme.

Fersprieding yn Nederlân en Fryslân[bewurkje seksje | edit source]

Yn Nederlân komt de murd frijwol oeral foar, en yn Fryslân ûntbrekt er allinnich op 'e Waadeilannen. Op Flylân, Skiermûntseach en de ûnbewenne Waadeilannen is er nea foarkommen, en op it Amelân en Skylge is er nei in koarte oanwêzigens wer ferdwûn. Op it Fryske fêstelân wurdt de murd faker yn it binnenlân synjalearre, en liket ek de Waadkust en de Iselmarkust wat te mijen.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

In murd.

De murd hat dûnker hier, mei wite earrântsjes, in wite snút, ljochte plakken tusken de earen en eagen yn, en in dûnker masker. Op 'e flanken is er in ljochtere kleur. By 't simmer lizze de wollige ljochtbrune oant gielige ûnderhierren foar it grutste part ferburgen ûnder it dûnkerkleurige dekhier. Winterdeis stiet dy ûnderpels út, sadat in murd der ljochter en grouwer útsjocht.

In folwoeksen eksimplaar is trochinoar 36½ sm lang (kop-romp), mei in sturt fan likernôch 14 sm en in gewicht fan rom 1 kg. Mantsjes binne in stik grutter as wyfkes. Mantsjes wurde 33-45 sm lang (kop-romp), mei in sturtlingte fan 12-18 sm en in gewicht fan ½-1,8 kg. Wyfkes hawwe in kop-romplingte fan 28-38 sm, in sturtlingte fan 10½-15 sm, en in gewicht fan 0,3-0,9 kg.

Biotoop[bewurkje seksje | edit source]

Mei't se net tier binne wat fretten oanbelanget, kinne murden yn in soad ferskillende lânskipstypes bestean, salang't der mar genôch dekking is. Se komme benammen foar yn beboske leechlân deunby wetter, lykas yn wâlen en sompen. Ek hâlde se wol ta by boerepleatsen en yn beboske greidlân.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | edit source]

Murden binne nachtdieren, dy't oerdeis yn harren hoale bliuwe. It aktyfst binne hja tusken 9 en 11 oere jûns en tusken 2 en 5 oere moarns. In murd graaft faak syn eigen hoale, mar hy kin ek in ferlitten kninehoale ynnimme of gebrûk meitsje fan in natuerlike holte tusken stiennen of rotsen. De hoale wurdt beklaaid mei gers en moas. De murd is frij gefoelich foar kjeld; by hiel lege temperatueren komt er soms in dei as trije efterinoar net bûten. Rein hat er folle minder lêst fan. De murd libbet solitêr. As it dier yn it nau brocht wurdt spuitet it in stjonkend molke-eftich focht út 'e eartgrutte anaalklieren oan 'e sturtbasis. Datselde guod brûkt er ek foar it ôfsetten fan syn territoarium. Syn Latynske namme Mustela putorius betsjut dan ek "stjonkende marter".

Al ier yn it foarjier begjint foar de murd de peartiid, dy't ek wol "rôltiid" neamd wurdt. Dy duorret fan maart oant april. It mantsje giet dan op 'e swalk om wyfkes te finen. Foarôfgeande oan it pearjen grypt it mantsje it wyfke yn it nekfel fêst en rint mei har om. De pearing sels kin wol hast in oere duorje. Nei in draachtiid fan likernôch 6 wiken wurde der fan april oant juny 4-6 jongen smiten. Yn ekstreme gefallen kin ien smeet 2-12 jongen telle. Yn seldsume gefallen helpt it mantsje by it fersoargjen fan 'e jongen. Jonge murden wurde faak berne yn in ferlitten kninehoale of in fokseboarch. Mar ek holle beammen of muorren wurde dêrfoar brûkt. De murd smyt mar ienris yn 't jier. By de berte hawwe de jongen side-eftich wyt hier en weagje se 9-10 g. Nei trije of fjouwer wiken begjint in dûnkere pels te groeien. Se drinke in moanne lang by de mem; nei in fearnsjier binne se selsstannich. Yn it wyld wurde murden heechút 5-6 jier âld. Yn finzenskip kinne se wol 14 jier wurde.

Fretten[bewurkje seksje | edit source]

De murd is in fûle rôver dy't njonken mûzen, rotten en kikkerts ek in (folle gruttere) hin of wylde knyn net út 'e wei giet. Fierders fret er ek wolris fûgels, wjirms, ynsekten, hagedissen en ies. As it in murd slagget om in hinnehok yn te kringen, folget der in woaste moardpartij dêr't er in soad fan 'e (of alle) hinnen by deamakket.

In jonge murd.

Hy brûkt ferskate taktiken om 'e proai te deadzjen: in kikkert wurdt yn 'e nekke biten, in mûs yn 'e kop en in knyn yn 'e noas. De murd leit foarrieden fretten oan. Yn of by guon hoalen wurde soms wol tsientallen deade of ferlamme kikkerts en podden fûn.

Status[bewurkje seksje | edit source]

De murd hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der gjin kâns op útstjerren bestiet. Yn Nederlân mei der net mear op jage wurde, wat foarhinne in protte foarkaam fanwegen de kostbere feltsjes. In soad arbeiders út 'e Wâlden fertsjinnen der op dy manear in pear sinten by. Soks waard dien mei in spesjaal dêrta belearde "murdehûn", wat yn 'e regel in wetterhûn wie. Murdejeien barde nachts, en man en hûn moasten der wol tûk foar wêze. Oars as foarhinne beskôget men de murd hjoed de dei as in geunstige ynfloed op syn proaidieren, mei't er krekt as oare rôfdieren de sike, swakke en ûnoanpaste proaien it earst pakt, sadat de populaasjes fan syn proaidiersoarten sûn en sterk holden wurde.

Yn 'e boeken fan Rink van der Velde komt gauris murdejeien foar. Yn Dûm de murd hat skriuwer S. Bangma it libben fan in murd, sjoen troch de eagen fan it bist sels, beskreaun.

Undersoarten[bewurkje seksje | edit source]

Der binne 7 (stân fan saken yn 2005) erkende ûndersoarten fan 'e murd, wêrfan't ien útstoarn is:

  • de fret (Mustela putorius furo)
  • de gewoane murd (Mustela putorius putorius)
  • de Karpatyske murd (Mustela putorius rothschildi)
  • de Mediterrane murd (Mustela putorius aureola)
  • de Middenrussyske murd (Mustela putorius mosquensis)
  • de Skotske murd (Mustela putorius caledoniae) †
In Welske murd, fan it ûndersoarte dat op 'e Britske Eilannen foarkomt.
  • de Welske murd (Mustela putorius anglia)

Murd yn it Frysk[bewurkje seksje | edit source]

Yn it Frysk binne der in protte sprekwurden en siswizen mei murden, dy't gauris ferwize nei harren stank of ûnderstelde gemienens.

  • Ynwenners fan Húns wurde ek wol Húnzer Murden neamd.
  • Sa kwea as in murd.
  • Sa sinnich as in murd.
  • Sa skier as in murd.
  • Sa skier as in murd dy't yn 't lêste simmerhier is.
  • Sa sliepperich as in murd.
  • Sa slûch as in murd.
  • Sa snoad as in murd.
  • Sa swart as in murd.
  • Sa taai as in murd.
  • Sa wurch as in murd.
  • Gnize as in murd.
  • Gnize as in murd as in murd foar 't goatsgat.
  • Gnuve as in murd.
  • Kleie as in murd.
  • Laitsje as in murd.
  • Laitsje as in murd as in murd foar 't goatsgat.
  • Sjen as in murd.
  • Stjonke as in murd.
  • Fjochtsje as murden.
  • Raze as murden.
  • Tsiere as murden.
  • In murd fan in jonge (in slûchslimmenien)
  • Men fangt ek wolris in murd yn in rottefalle (in snoadenien rint der soms ek wolris yn).
  • Goenacht mei-inoar, sei de murd, en stoep yn it hinnehok.
  • Nim it my net kwea-ôf, sei de murd, en biet de hoanne de kop ôf.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.
  • Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (A.J. Osinga Uitgeverij), ISBN 9 06 06 64 40X.