Jeropeesk Ruslân
Jeropeesk Ruslân (Russysk: Европейская Россия)omfiemt it westlik part fan Ruslân, it gebiet fan Ruslân dat binnen Jeropa leit. It gebiet hat in oerflak fan likernôch 3.960.000 km², dat likernôch 38% fan heul Jeropa is. Sûnt de 19e ieu wurdt de Oeral (mei de rivier de Oeral) as eastgrins foar Jeropa definearre, mar dizze geografyske definysje wurdt bot bediskusearre. Yn it suden foarmet de grins mei Kazachstan de grins fan Jeropeesk Ruslân. Geografysk sjoen wurdt it gebiet dominearre troch it Russyske Leechlân.
Likernôch 75% fan Ruslân leit yn Aazje, mar it grutste part fan de befolking, sa’n 78%, wennet yn it Jeropeeske part. De befolkingstichtens leit op 27 minsken de kante kilometer. De wichtichste befolkingssintrums binne Moskou en it omlizzende gebiet Oblast Moskou en Sint-Petersburch, de grutste stêden fan Ruslân.
Yn de tiid fan it Russyske Ryk waard de term “Jeropeesk Ruslân” yn it ryk brûkt om te ferwizen nei de tradysjonele East-Slavyske gebieten ûnder Russysk bewâld, wêrûnder Wyt-Ruslân en it grutste part fan de Oekraïne (Dnjepr-Oekraïne).