Noas

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De noas (Latyn: nasus) is by wringedieren (wêrûnder de minske) in anatomysk útsteksel mei dêryn de beide noasters, dy't mei de mûle by it sykheljen de yn- en útlaten foar lucht (mear spesifyk soerstof) binne. De noas sit yn 'e regel sintraal op it gesicht. By it sykheljen hat de noas de funksje om 'e ynkommende lucht te reinigjen en op te warmjen ear't dy fierder it lichem yngiet. By de yngong fan 'e noasters sitte de noashierkes, dy't foarkomme moatte dat grutte, skealike dieltsjes yn 'e lucht de luchtwegen binnenkringe kinne.

Efter de noasters lizze de noasholtes, wêrfan't de wanden beklaaid binne mei slymfluezzen dy't troch har ploaide aard it oerflak fan 'e holte sterk fergrutsje. Dizze slymfluezzen binne goed trochblet en waarmje de binnenkommende lucht sadwaande sterk op. Boppe-oan yn 'e noasholte, ûnder de skedelbasis en tusken de eagen, sit by minsken it rookslymflues, dat it eigentlike rooksintúch is, al wurdt dat yn it gewoane spraakgebrûk ornaris lykslein mei de hiele noas. De lofter- en rjochternoasholte wurde faninoar skaat troch it noastuskenskud of it noasseptum, dat bestiet út in foarste diel fan kreakbien en in efterste diel fan bonke, de noasbonke. Hielendal efteroan komme de noasholtes út yn 'e noas-kielholte of farynx. Troch de buis fan Eustachius stiet dat diel fan it lichem streekrjocht yn ferbining mei de earen.

By bisten is de noas faak ferlinge ta in snút. Dêrby is troch folle gruttere rookslymfluezzen de rooksin yn 'e regel ek folle grutter as by minsken. Benammen hûneftigen steane om har "goede noas" bekend. By sokke bisten, dy't in wiete noas hawwe (d.w.s. de bûtenkant fan 'e noas heart by har fochtich te wêzen), ferfollet de noas ek de funksje fan rjochtingsorgaan, mei't se (krekt as oan in befochtige opstutsen finger) oan har noas fiele kinne wêr't de wyn wei komt.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.