Lytse marters
De lytse marters (Latynske namme: Mustela) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte marters (Mustelinae). Ta dit skaai hearre santjin of njoggentjin (ôfhinklik fan hokker taksonomyske yndieling oft men oanhâldt) soarten fine, lichtliddige en koartskonkige martereftigen, lykas de harmeling, de murd en de wezeling, dy't alletrije ek yn Fryslân foarkomme. De lytse marters spjalten harren likernôch 20 miljoen jier lyn, yn it Mioseen, ôf fan 'e oare martereftigen, en binne eins allegearre betûfte en opportunistyske jagers. De iennichste soarte dy't himsels troch spesjalisaasje beheind hat ta ien proai, is de Noardamerikaanske swartpoatmurd, dy't allinne mar prêrjehûnen bejaget. De lytse marters komme foar yn hiele Jeraazje en Noard-Amearika en yn dielen fan Súd-Amearika en de Súdeastaziatyske eilannen.
Soarten [bewurkje seksje]
- skaai lytse marters (Mustela)
- ûnderskaai Cabreragale
- de Kolombiaanske wezeling (Mustela felipei)
- ûnderskaai Cryptomustela
- de swartstreekte wezeling (Mustela strigidorsa)
- ûnderskaai echte wezelingen (Mustela)
- de harmeling (Mustela erminea)
- de langsturtwezeling (Mustela frenata)
- ûnderskaai Gale
- de berchwezeling (Mustela altaica)
- de gielbúkwezeling (Mustela kathiah)
- de wezeling (Mustela nivalis)
- de Egyptyske wezeling (Mustela subpalmata)
- ûnderskaai Grammogale
- de tropyske wezeling (Mustela africana)
- ûnderskaai Kolonokus
- de Japanske wezeling (Mustela itatsi)
- de Javaanske wezeling (Mustela lutreolina)
- de Sibearyske wezeling (Mustela sibirica)
- ûnderskaai Lutreola
- de Jeropeeske nerts (Mustela lutreola)
- ûnderskaai murden (Putorius)
- de murd (Mustela putorius)
- de fret (Mustela putorius furo)
- de steppemurd (Mustela eversmannii)
- de swartpoatmurd (Mustela nigripes)
- de murd (Mustela putorius)
- ûnderskaai Pocockictis
- de bleatsoalwezeling (Mustela nudipes)
- ûnderskaai Cabreragale
Inkeld wurde de Amerikaanske nerts (Neovison vison) en de yn 'e njoggentjinde ieu útstoarne seenerts (Neovison macrodon) yn it ûnderskaai Neovison oan 'e lytse marters tafoege, mar ornaris wurdt Neovison as in susterskaai fan 'e lytse marters yn 'e ûnderfamylje fan 'e echte marters (Mustelinae) pleatst.