Wetterhûn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wetterhûn
Wetterhoun.jpg
Basisynformaasje
Nammen Wetterhûn
Oarsprong Nederlân
Klassifikaasje Rasgroep 8: Retrievers en Wetterhûnen, seksje Wetterhûnen
Sjoch ek Hûn - List fan hûnerassen


De wetterhûn (oare namme: Fryske krolhier of otterhûn) waard in soad brûkt by de jacht op wetterwyld. It ras kaam foaral foar yn it Fryske marregebiet. It wie de hûn fan boeren en arbeiders, dy’t mei him te jeien gienen (murdejacht), maar him ek brûkten as hiemhûn. De bou is middelgrut, krêftich en kompakt.

Dizze hûn waard eartiids ek wol brûkt as lûkhûn: hy waard foar de karre spand om bygelyks molkbussen te lûken.

Mei útsûndering fan de kop en de poaten is it hiele lichem bedekt mei dikke krollen fan stevich, ticht hier. It hier is frij grou en fielt fetlik oan. De tekening komt yn twa farianten foar: swart-wyt en brún-wyt (bûnt).

Aard[bewurkje seksje | edit source]

In wetterhûn as hiemdogge.

De Wetterhûn is in rêstige hûn mei in sêft aard. De hûn is wat eigensinnich en is net samar fertroud mei eltsenien. Hy is tige duldsum mei bern en tige betrouber. Hy is in prima waakhûn mar seker net agressyf. Yn fergelking mei de Fryske Stabij hâldt de Wetterhûn noch mear fan it bûtendoar wêze.

De wetterhûn hat mei de Fryske stabij yn Nederlân in rasferiening.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Dooper, Wiebe M. - De wetterhoun, een eigenzinnig fenomeen, 2005 ISBN 90-808573-2-7 (oers. De wetterhûn, in eigensinnich fenomeen)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]