Each

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bûtenste sichtbere dielen fan it minsklilke each

It each is in sintúch dat gebrûk makket fan ljocht om in byld troch te jaan nei de harsens.

Anatomy[bewurkje seksje | edit source]

  • It each bestiet út in hurde bûtenrâne, dy't oan 'e foarkant trochsichtich is (de cornea = hoarnflues) en foar de rest ûntrochsichtich (de sclera = it 'wyt'). It each sit yn 'e eachkas dêr't it troch seis eksterne spieren op syn plak holden wurdt. Dy spieren meitsje it ek mooglik dat it each draaie kin. Oan 'e efterkant ferlit de eachsenuw (nervus opticus = twadde harsensenuw) it each. It each is fold mei glêseftich lichem. Tegearre mei it hoarnflues en de lins soarget dat foar de brekking fan it ljocht.
  • Yn it each, efter it hoarnflues leit de lins. De lins is mei help fan spierkes ferfoarmber. Dit makket it mooglik om sawol fan tichtby as fierôf skerp te sjen (akkomodaasje)
  • Tusken hoarnflues en lins sit de iris (reinbôgeflues). Dit flues hat yn 'e midden in iepening dêr't it ljocht troch falt. Troch spierkontraksjes kin dizze iepening grutter en lytser wurde, sadat der mear as minder ljocht yn't it each falt.
  • De binnenkant fan 'e eachbal is beklaaid mei in bloedfetryk flues (choroidea = ierflues), mei dêroerhinne it netflues (retina). It netflues is in kompleks ûnderdiel, it bestiet út ferskillende lagen. De wichtigste eleminten fan dit flues binne de foto-reseptoaren en senuwen. Ljocht dat yn it each falt wurdt op it netflues opfongen en omset yn elektryske sinjalen dy't fierderop yn'e harsens ferwurke wurde.