Fret

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fret
Salon agriculture 2009 - furet recentre.jpg
taksonomy
Ryk: dieren (Animalia)
Stamme: rêchstringdieren (Chordata)
Klasse: sûchdieren (Mammalia)
Skift: rôfdieren (Carnivora)
Famylje: martereftigen (Mustelidae)
Skaai: lytse marters (Mustela)
Soarte: murd (Mustela putorius)
ûndersoarte
Mustela putorius furo
Linnaeus, 1758
IUCN-status: n.f.t. (húsdier)

De fret (Latynske namme: Mustela putorius furo) is de domestisearre ûndersoarte fan 'e murd (Mustela putorius) of mooglik fan 'e steppemurd (Mustela evermannii). It is in lid fan it skift fan 'e rôfdieren, de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela), dêr't behalven de murd û.m. ek de harmeling en de wezeling ta hearre. Fretten waarden mear as 2.000 jier lyn troch de minske nuet makke mei as doel om har yn te setten foar ûngediertebestriding.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

In wite fret.

Fretten hawwe de namme dat se in wite pels hawwe, mar dat is lang net altiten sa; se komme teminsten like faak foar mei brún, swart of bûnt hier. Se hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 38 sm, in sturtlingte fan 13 sm en in gewicht fan 0,7-2 kg. Dêrby binne se seksueel dimorf, wat sizze wol dat der kwa uterlik ûnderskie bestiet tusken de seksen: it mantsje is in stik grutter as it wyfke. Fretten libje likernôch 10 jier.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | edit source]

Yn 'e regel bringe fretten 14-18 oeren deis sliepend troch en wurde se aktyf om 'e jûnsskimer en de moarnsdage hinne. Oars as murden, dy't solitêr libje, binne fretten sosjale bisten, dy't graach ûnder soartgenoaten ferkeare. Se binne territoriaal en sliepe it leafst yn in krappe romte, dêr't se har dan hielendal oprôlje. Krekt as murden en in protte oare martereftigen beskikke fretten oer anaalklieren dêr't se in stjonkende floeistof út spuitsje kinne as se kjel of benaud binne. Ek brûke se dat wol om har territoarium te markearjen. Yn 'e Feriene Steaten wurde fretten yn 'e regel "ûntrookt" (de-scented), d.w.s. operatyf fan 'e anaalklieren ûntdien, mar yn Jeropa wurdt soks yn 'e measte gefallen beskôge as in ûnnedige skeining. As se opwûn reitsje, kin fretten mâltjirgjend omspringe yn wat faak harren "kriichsdûnske" neamd wurdt. Dat is gjin teken fan agresje, mar in bolbjirkene útnoeging om te boartsjen, en giet gauris mank mei it útslaan fan in sêft ketskjend lûd. As se lulk binne, meitsje fretten krekt in tige karakteristyk siizjend lûd.

In fret dy't in "kriichsdûnske" opfierd.

Frettefretten[bewurkje seksje | edit source]

Fretten binne rôfdieren mei in hege stofwikseling, dat se moatte hiel regelmjittich (perfoarst eltse dei) te fretten krije, oars reitsje se hiel gau ûnderfuorre. Yn bistewinkels is wol spesjaal frettefoer te krijen, dat hast foar 100% út fleis bestiet, mar guon frette-eigners fuorje harren bisten eigendeade of noch libbene proaidieren lykas mûzen en kninen, om harren natuerlik dieet sa deun mooglik nei te bearen.

In murdkleurige fret.

Domestisearring en ferwyldering[bewurkje seksje | edit source]

De skiednis fan 'e domestisearring fan 'e fret is ûnwis, mar DNA-analyze hat útwiisd dat er nei gedachten likernôch 2500 jier lyn ta húsdier makke is. Fierders binne der sterke oanwizings dat fretten al troch de Romeinen holden waarden. Lange tiid waard de fret inkeld brûkt foar de jacht (it saneamde "frettearjen") op kninen, mar tsjintwurdich wurdt er benammentlik as selskipsdier holden. Fretten hechtsje har oer it algemien net sterk oan harren eigeners en sille ornaris eltse kâns oangripe om út te naaien. Dêrfandinne komme op withoefolle plakken, ek yn Nederlân, ferwyldere fretten foar. Sa besteane op Teksel en it Amelân populaasjes murdkleurige fretten. Om't de murd sels op 'e Waadeilannen net foarkomt, hawwe se dêr in lege biologyske nys ynnommen. Op plakken dêr't de fauna evoluëarre is sûnder murden of oare soksoartige martereftigen, hawwe lânseigen soarten faak gjin ferwar tsjin fretten en kinne se grutte ekologyske skea oanrjochtsje. Soks bart bgl. op 'e Sjetlâneilannen en yn Nij-Seelân, dêr't ek koloanjes ferwyldere fretten besteane. As reäksje dêrop binne der yn guon parten fan 'e wrâld wetten oannommen om it hâlden fan fretten as húsdier oan bannen te lizzen of sels hielendal te ferbieden. Gebieten dêr't it hâlden fan fretten yllegaal is, binne û.m. Porto Riko, de Amerikaanske steat Kalifornje en de Australyske lânsdielen Queenslân en it Noardlik Territoarium. Yn Portegal, Brazylje en Nij-Seelân meie fretten allinne holden wurde as der oan tige strange betingsten foldien is, mei dêrûnder registraasje en sterilisaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.