Harmeling

Ut Wikipedy
harmeling
In harmeling yn 'e simmerpels.
In harmeling yn 'e winterpels.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai lytse marters (Mustela)
soarte
Mustela erminea
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     lânseigen foarkommen
     foarkommen as eksoat

De harmeling (wittenskiplike namme: Mustela erminea), ek wol grutte wezeling, wite wezeling of (it) harmke of hermke neamd, is in lyts sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela). Dizze soarte is lânseigen yn grutte dielen fan noardlik Jeraazje (wêrûnder ek Fryslân) en Noard-Amearika. Hy liket in protte op 'e wezeling, dêr't er nau oan besibbe is, mar kin dêrfan ûnderskaat wurde troch syn gruttere stal en it swarte puntsje oan 'e sturt. De harmeling stiet derom bekend dat er winterdeis syn brune hier ferliest en ynstee in wite winterpels kriget, útsein de sturtpunt, dy't swart bliuwt. Yn it ferline wie wyt harmelingebûnt tige djoer en waarden der keningsmantels fan makke. De IUCN klassifisearret de harmeling as net bedrige.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarhinne waard tocht dat de harmeling it naust besibbe wie oan 'e langsturtwezeling (Neogale frenata, foarh. Mustela frenata) út 'e Amearika's, mar troch nij ûndersyk op basis fan DNA fan 'e bisten kamen biologen yn 2021 ta de konklúzje dat de langsturtwezeling nauwer besibbe is oan oar groepke martereftigen, de wezelingen fan 'e Nije Wrâld (Neogale), wêrûnder de Amerikaanske nerts (Neogale vison, foarh. Neovison vison). Tagelyk die út nij ûndersyk ek bliken dat twa fan 'e ûndersoarten fan 'e harmeling, te witten: de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii) en de Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling (Mustela haidarum), eins selsstannige soarten wiene. Sadwaande waard it meastepart fan 'e fersprieding en populaasje yn Noard-Amearika fan 'e harmeling ôfspjalten.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De harmeling is lânseigen yn hast hiel Jeropa, wêrûnder Fryslân, dêr't er rûnom foarkomt, mar selden sjoen wurdt om't er lyts en fluch is en minsken yn 'e regel al fan fierrens oankommen heart. Yn it noarden fan Jeropa libbet er op 'e Britske Eilannen oant en mei de Sjetlâneilannen, mar ûntbrekt er lykwols op Iislân en de Fêreu-eilannen. De súdgrins fan it ferspriedingsgebiet rint troch it noarden fan Portegal en Spanje fan 'e westkust nei de eastkust fan it Ibearysk Skiereilân. It suden fan 'e Provâns, de Lears fan Itaalje, de eilannen yn 'e Middellânske See, de súdlike Balkan, de Krim en de hegere dielen fan 'e Kaukasus yn súdlik Ruslân falle ek bûten it areaal fan 'e harmeling.

Wol komt dizze soarte foar yn hast hiel Sibearje, Mongoalje en Mantsjoerije, yn rûchwei de noardlike helte fan Kazachstan en yn dielen fan súdeastlik Sintraal-Aazje, Sinkiang-Oeigoerje en de westlike Himalaya. Der besteane isolearre populaasjes yn noardeastlik Sina, op 'e eilannen Sachalin en Wrangel yn it Russyske Fiere Easten en op Hokkaido en yn it berchlân fan noardlik Honsjû yn Japan.

Yn it noardwesten fan Noard-Amearika komt de harmeling foar yn hast hiel Alaska útsein de Panhandle en de Alexanderarsjipel. Fierders omfettet syn ferspriedingsgebiet op it fêstelân fan Kanada it westen fan 'e Yukon, it noarden fan 'e Noardwestlike Territoaria en it noardwesten fan Nûnavût. Ek de Arktyske Arsjipel heart der hast hielendal ta, útsein Baffinlân en de eilannen súdlik dêrfan. Op Grienlân komt de harmeling foar oan 'e kusten fan 'e Lincolnsee (yn it noarden) en de Grienlânsee (yn it easten).

In harmeling sjocht ris om him hinne.

As eksoat libbet de harmeling fierders ek noch op sawol it Noardereilân as it Sudereilân fan Nij-Seelân. Dêre is dit bist oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw troch de minske yntrodusearre om 'e (ek troch de minske yntrodusearre) wylde kninen, dy't in pleach wurden wiene, te bejeien. De harmeling fûn lykwols makliker proaien yn 'e lânseigen fauna, dy't tsjin him gjin ferwar hie. Sûnt syn yntroduksje hat er yn Nij-Seelân grutte ekologyske skea oanrjochte.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De harmeling hat in kop-romplingte fan 211/2–29 sm lang, mei in sturtlingte fan 8–12 sm en in gewicht fan 1,4–4,5 kg. Mantsjes binne wat foarser as wyfkes. De kop-romplingte fan in mantsje is trochinoar 261/2 sm, de sturtlingte 101/2 sm en it lichemsgewicht likernôch 3 kg. It wyfke hat in kop-romplingte fan trochinoar 24 sm, in sturtlingte fan 9 sm en in gewicht fan 2,1 kg. Noardlike populaasjes binne lytser fan stal en de harmelingen yn Ierlân binne de lytsten fan allegearre.

De harmeling is besibbe oan 'e wezeling (Mustela nivalis) en liket dêr in protte op, mar hy is grutter fan stal. Hy hat in rank, langhalich lichem mei koarte poatsjes. De pels is simmerdeis op 'e rêch kastanjebrún fan kleur, en op 'e bealch krêmkleurich wyt. Harmelingen steane derom bekend dat har simmer- en winterpels ferskillend binne. By ’t winter is de pels wyt, op 'e swarte sturtpunt nei, dy't nea fan kleur feroaret. Dêrby moat oantekene wurde dat de harmeling yn it suden fan syn ferspriedingsgebiet, dêr't winterdeis gjin of mar amperoan snie falt, mar in stikhinne wyt wurdt. Yn earder tiden waarden de winterfeltsjes fan harmelingen massaal ferwurke yn de bûntôfsettings fan keningsmantels: dêrfandinne de oerdiedige swarte stippen dêrop (dy't de sturtpuntsjes binne).

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harmelingen komme eins foar yn alle lânskipstypes, salang't der mar genôch beskûl is. Se binne te finen fan 'e kust oant de bergen, yn moerasgebieten en op flakten. Yn wâlden hâlde se har fral oan 'e rânen op. De harmeling komt mear as de wezeling (Mustela nivalis) foar yn wiete gebieten, lykas by sleatskanten lâns en yn reidfjilden en moerasbosken.

In harmeling.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De harmeling is sawol deis as nachts aktyf, hoewol't it oerdeis benammentlik om wyfkes giet dy't jongen grutbringe moatte. Dêrom kin de harmeling ornaris wol as nachtdier beskôge wurde. Harmelingen binne solitêr libjende bisten mei territoaria fan 4–50 ha, ôfhinklik fan 'e terreinsgesteldheid en de foarriedichheid fan proaien. Yn ien territoarium ûnderhâlde se 2–10 nêsten dêr't se har yn relative feilichheid weromlûke kinne. Foar sokke nêsten brûke se in holle beam, in romte tusken rotsen of ûnder beamwoartels of in ferlitten hoale fan in oar bist, bgl. fan proaidieren lykas wylde kninen. It nêst wurdt bedutsen mei it ôfskuorde hier fan proaidieren, sadat de harmeling syn lange liif yn 'e rêst behaachlik waarm hâlde kin.

De peartiid falt foar harmelingen fan maart oant juny. It mantsje giet dan op 'e swalk; syn territoarium oerlapet dy fan ferskate wyfkes. Krekt as oare martereftigen hawwe harmelingen in ferlinge draachtiid, wêrby't de ymplantaasje fan 'e embryo's yn it limoer fan it wyfke nei de pearing 7–10 moannen opkeard wurdt. Pas yn febrewaris, as it slimste fan 'e winter foarby is, komme de embryo's ta ûntwikkeling, wêrnei't de eigentlike draachtiid noch 10 wiken duorret. By in tige strange winter komt it foar dat it wyfke, om it eigen oerlibjen te bewissigjen, ien of mear (yn ekstreme gefallen alle) embryo's wer yn it eigen lichem opnimt.

Yn april of maaie smyt it wyfke in nêst fan 2–13, mar almeast 4–8 jongen. Dyselden binne by de berte blyn en dôf, mar hawwe al in skiere, pluzige pels mei in dûnkerbrune moanne yn 'e nekke. As in wyfke har jongen ferpleatst, grypt se dy yn 'e moanne fêst. Nei 4 wiken krije de jongen har earste proai, en nei 5 wiken wurde se ôfwûn. Mei 12 wiken kinne de jongen al goed jeie. Om dy tiid hinne wurde se selsstannich. Yn july en augustus ferlitte se it nêst. Mantsjes doarmje fierder fuort as wyfkes. Nei harren earste winter binne de mantsjes geslachtsryp; de wyfkes binne dat al 5 wiken nei de berte. Folwoeksen mantsjes pearje soms mei jonge wyfkes dy't noch net ôfwûn binne by de mem. Sokke wyfkes drage eins harren hiele bernetiid jongen. Harmelingen kinne de âldens fan 10 jier berikke, mar trochstrings wurde se mar 11/2–2 jier.

In wylde knyn dy't deade wurdt troch in harmeling.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De harmeling is in karnivoar, dy't yn haadsaak op kjifdieren en wrotmûzen jaget, al yt er ek wol amfibyen en út en troch ris fûgelaaien. Ek fûgels, wylde kninen en hazzen, dy't grutter binne as hysels, makket de harmeling lytsman. Mantsjes deadzje gruttere proaidieren as wyfkes. De proaidieren wurde troch in byt yn 'e nekke út 'e ljochten holpen. It leit foar de hân dat in harmeling in proai as in knyn net yn ien kear op kin; dêrom slacht er soms fretten op foar letter.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De harmeling hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der foar wat dit bist oanbelanget, gjin kâns op útstjerren bestiet. Yn Nederlân mei der net mear op harmelingen jage wurde. Oars as foarhinne beskôget men de harmeling hjoed de dei as in geunstige ynfloed op syn proaidieren, mei't er krekt as oare rôfdieren de sike, swakke en ûnoanpaste proaien it earst pakt, sadat de populaasjes fan syn proaidiersoarten sûn en sterk holden wurde.

Opsomming fan ûndersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2021 waarden de Amerikaanske harmeling en de Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling, dy't earder beskôge wiene as ûndersoarten fan 'e harmeling, op basis fan nij DNA-ûndersyk erkend as selsstannige soarten, mei sels ek wer in rige ûndersoarten. Dat betsjut dat der no noch 17 erkende ûndersoarten (stân fan saken yn 2021) fan 'e harmeling (Mustela erminea) binne:

In dravende harmeling yn Ierlân.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Waarnimmings yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.