Robert Burns

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Robert Burns

Robert Burns (Alloway, 25 jannewaris 1759 - Dumfries, 21 july 1796) wie in Skotsk [dichter]]. Hy skreau guon fan syn gedichten yn it Ingelsk, mar stiet derom bekend dat er ek faak syn memmetaal, it (sterk troch it Ingelsk beynfloede) sintrale dialekt fan it Skotsk brûkte.

Robert Burns waard berne yn Alloway yn Skotlân, yn in húshâlding dy't it net breed hie. Lykwols woene syn âlden al hawwe dat er goed ûnderwiis hawwe soe, wat yn syn wurk fernaam wurde kin.

Burns syn earste dichtbondel wie "Poems, Chiefly in the Scottish Dialect" ('Gedichten, foar it meast yn it Skotske dialekt'), dat yn 1786 útkaam. Robert Burns helle in protte ynspiraasje foar syn gedichten út it Skotske lânskip, it folkslibben en de folksmuzyk. De gedichten fariëarje fan ljocht en koartswilich oant tsjuster en gefoelich. De teksten dy't er foar lieten skreau wienen net op eigen wiis, mar it wienen oanpassings fan âldere lietteksten en hy joech oan hokfoar besteande wize der foar brûkt wurde moast. Ien fan syn bekendste gedichten wurdt sadwaande ek songen op in Skotske folkswiis: Auld Lang Syne. Burns is ek de skriuwer fan twa bekende Skotske folkslieten: Scots Wha Hae en A Man's A Man for A' That.

Robert Burns syn dichten hawwe fan grutte betsjutting foar de Skotske selsbewustens west. Syn bertedei, Burns Night, wurdt fierd as in nasjonale feestdei foar alle Skotten. Syn gedichten hawwe ek ferskate grutte Ingelske dichters beynfloede.

Burns wie frijmitselder, hy waard op 4 july 1781 ynwijd yn de St. David Lodge yn Talborlton en jildt as ien fan de meast yllústere en ferearde fan de Skotske frijmitselders. Robert Burns stoar op 37-jier troch in oandwaning oan't hert.

Burns Cottage yn Alloway, Skotlân

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]