John Knox

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
John Knox

John Knox (1514? - 1572) wie in Skotsk reformator (tsjerkeherfoarmer). Hy spile in wichtige rol tidens de reformaasje fan de tsjerke yn Skotlân. Hy herfoarme de Skotske tsjerke ta in presbyteriaanske tsjerke. Hy stoar yn Edinboarch op 24 novimber 1572.

Jonge jierren[bewurkje seksje | edit source]

In soad saken fan Knox syn jonge jierren binne ûnbekind. It is net wis wat syn berteplak wie: syn heit hie buorke yn Morham; mar Giffordgate ûnder it bewâld fan Haddington, 26 km eastlik fan Edinburgh wurd oer it ginneraal as syn berteplak oanwiisd.

Syn heit, William Knox fan Haddingtonshire, hie fochten yn de slach by Flodden en wie fan goede komôf mar net foarnaam. De famkesnamme fan sym mem wie Sinclair. De jonge Knox krige syn oplieding yn de Skotske tsjerke. John krige in liberale opfieding, sa't it yn dy tiid yn de Skotske tsjerke wenst wie.

Doe't John âlder wie gie er nei de universiteit fan Glasgow of wol nei de St. Andrews.

Hy troude yn 1553? mei Marjorie Bowes.



Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer religy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.