Edinboarch
| Edinboarch | |
|---|---|
| Lokaasje yn Skotlân en Jeropa | |
| Tiid sône : UTC 0 |
|
| Flagge | Wapen |
| Basis ynformaasje | |
| Gebiet | 259 km² |
| Tal ynwenners km² | 4.441 km² |
| Regear | |
| Lân | Grut-Brittanje |
| Konstituint lân | Skotlân |
| Regio | City of Edinburgh |
| Webside | www.edinburgh.gov.uk |
Edinboarch (Ingelsk: Edinburgh, Skotsk-Gaelysk: Dùn Èideann, Skotsk: Embra, Embro of Edinburrie, poëtysk: Edina of Dunedin) is sûnt 1492 de haadstêd fan Skotlân. De stêd (city) leit oan de eastkust, oan de súdkant fan de Firth of Forth, en is de sit fan it Skotske parlemint dat yn 1999 op 'en nij yn ynsteld is. Flaainamme fan de stêd is soms Auld Reekie ("Alde Rikker").
It sintrum fan de stêd wurd yn twaën parte troch Princess Street (Prinsesse strjitte). Súdlik fan dy strjitte leit de Alde stêd. Oan de noardkant fan dy strjitte leit de New Town (Nije stêd).
Bysûnderheden [bewurkje seksje]
- Greyfriars Kirk
- Dizze tsjerke hat in wichtige rol spyle in de skiednis fan Skotlân. Yn 1638 waard hjir it saneamde Covenant (ferbûn) tekene troch in grut tal Protestanske foargongers, eallju en boargers. Dit as in reaksje op it besykjen fan kening Karel I en bisskop Laud om de tsjerken fan Ingelân en Skotlân lyk te skeakeljen. Hje dienen dit trochmiddel fan ynfiering fan nije liturgyën yn de tsjerke fan Skotlân, sûnder oerliz mei dizze tsjerke en it Skotske parlemint.
- Greyfriars bobby
Bûten de Greyfriars Kirk kin men in byldtsje fine ta oantinken fan it trouwe hûntsje, dy't nei de dea fan syn baas jierrenlang de wacht hâldde by it grêf fan syn baas.
Berne yn Edinboarch [bewurkje seksje]
- David Hume (1711-1776), filosoof
- James Hutton (1726-1797), geolooch
- Fanny Calderón de la Barca (1804-1882), skriuwster
- James Nasmyth (1808), útfiner stoomhammer
- James Clerk Maxwell (1831-1875), natuerkundige
- Alexander Graham Bell (1847-1922), telefoanpionier
- Robert Louis Stevenson (1850-1894), skriuwer
- Isaac Bayley Balfour (1853-1922), botanikus
- Arthur Conan Doyle (1859-1930), skriuwer (Sherlock Holmes)
- Douglas Haig (1861-1928), fjildmaarskalk Earste Wrâldkriich)
- Finlay Currie (1878-1968), akteur
- Sean Connery (1930), akteur
- John McNeill (1933), botanikus
- Ian Richardson (1934-2007), akteur
- Tony Blair (1953), premier
- KT Tunstall (1975), sjongster
- Chris Hoy (1976), hurdfytser