Sherlock Holmes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Byld fan Sherlock Holmes yn Meiringen.

Sherlock Holmes wie in optochte speurder út de ferhalen fan de Ingelske skriuwer Arthur Conan Doyle.

Holmes wie in riejaand speurder, dy't mei syn grutte kentnis fan de misdie en syn redenaasjetalint saken oplosse koe dêr't oaren net útkomme koenen. Hy wie de haadfiguer yn likernôch sechtich misdiedferhalen fan Doyle, meast mei Dr. John Watson as syn selskipsman.

Doyle hat him by de beskriuwing fan de figuer ynspirearje litten troch Doyle syn learaar by syn stúdzje genêskunde, Joseph Bell. De opset fan de ferhalen wie lykwols in neifolging fan Edgar Allen Poe., mei de figuer fan Auguste Dupin. Lykas Poe hat er syn haadfiguer en alter-ego opdield yn twa persoanen: de speurder dy't de redenaasjes fan de skriuwer stalt jout en syn selskipsman de ik-figuer dy't it de speurder mûglik makket de lêzer de oplossing út te lizzen. Dit stramyn waard ek troch ferskate neifolgers fan Doyle brûkt.

Sherlock Holmes waard tige populêr; sa populêr dat der in lawine fan protesten kaam doe't Arthur Conan Doyle yn 1893 syn held stjerre liet. Mûglik wie dat foar in part de grûn foar de weromkomst fan Sherlock Holmes yn 1901. De populêrens laat yn de 20e ieu ta mear as 200 films oer Holmes. Op Baker Street 221 B yn Londen, it adres dêr't Sherlock Holmes yn de ferhalen wennet, is in Sherlock Holmes Museum ynrjochte.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]