Christopher Lee

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Christopher Lee yn 2009
Christopher Lee en Peter Cushing yn Terreur yn de Shanghaï express, 1973

Sir Christopher Frank Carandini Lee (Londen, 27 maaie 1922) is in Ingelsk akteur en musikus. Lee hat faak in smjunt spile. Hy waard populêr mei syn rol fan Greve Drakula yn in rige fan Hammer Horror-films. Koarter lyn waard er bekend mei syn rol fan Saruman yn de Lord of the Rings-filmsearje en as Greve Dooku yn de Star Wars prekwels. Lee hat sûnt 1948 yn goed 266 films meispile en is sa de akteur dy't it measte wurk ferset hat fan alle tiden. Yn 2009 waard er riddere yn de Queen's Birthday Honours.

Earbetoan[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2001 waard Christopher Lee troch keninginne Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk beneamd ta kommandeur yn de Oarder fan it Britske Ryk. Yn 2009 waard hy riddere troch Prins Charles.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Christopher Lee's Treasury of Terror, Pyramid Publications, 1966
  • Christopher Lee's New Chamber of Horrors, Souvenir Press, 1974
  • Christopher Lee's Archives of Terror, Warner Books, Volume I, 1975; Volume 2, 1976
  • Tall, Dark and Gruesome (autobiografie), W. H. Allen, 1977 and 1999
  • Lord of Misrule (autobiografy, fannijs besjoene en útwreide ferzje fan Tall, Dark and Gruesome), Orion Publishing Group Ltd., 2004

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]