Tony Blair
Ut Wikipedy
Anthony Charles Lynton (Tony) Blair (Edinboarch, 6 maaie 1953) is in Brits politikus en wie premier fan it Feriene Keninkryk fan 1997 oant 2007 foar de Labour Party. Hy is dêrmei de langst regearende Labour-premier út de Britse skiednis. Op 27 juny 2007 trede hy op eigen inisjatyf ôf en waard hy troch de opstellers fan de Rûtekaart foar Frede yn it Midden-Easten beneamd ta spesjaal gesant. Fan 1983 oant syn ôfskied as premier wie hy parlemintslid foar it distrikt Sedgefield.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- (in) www.number-10.gov.uk Offisjele side fan de Earste Minister
- (in) "You're the future now" Blair syn lêste taspraak as partijlieder op in Labour-kongres (26 septimber 2006) (RealMedia-formaat)