Nepal
Ut Wikipedy
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
|||||
| Offisjele taal | Nepaly | ||||
| Haadstêd | Katmandu | ||||
| Steatsfoarm | federale republik | ||||
| Gebiet % wetter |
147.181 km² 2,8% |
||||
| Ynwenners (2005) | 27.133.000 | ||||
| Munt | Rupee (NPR) | ||||
| Tiidsône | UTC +5.45 | ||||
| Nasjonale feestdei | 21 desimber | ||||
| Lânkoade | NPL | ||||
| Ynternet | .np | ||||
| Tillefoan | 977 | ||||
Nepal is in lân yn it Súd-Aazje. De haadstêd is Katmandu en de kening fan de monargy is sûnt 2001 Gyanendra.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lizzing
Nepal wurdt begrinzge troch:
[bewurkje seksje] Lânskip
Nepal bestiet út in smelle stripe lân dy't him útstrekt oer in lingte fan 853 km mei in breedte fan 160 km yn it súdlike diel fan de Himalaya. In grut part is tige bercheftich. Fan de tsien heechste bergen yn de wrâld lizze der acht yn Nepal, wêrûnder de alderheechste, de Mount Everest, oan de grins mei Sina.
Yn it suden by de grins mei Yndia leit de flakke Teray-regio dy't folge wurdt troch de Siwalik ketten en de brede sône fan it foarberchtme fan de Himalaya. It grûngebiet hâldt yn it noarden op by de kam fan de Himalaya. Om-ende-by 20% fan de oerflakte is te brûken foar de lânbou.
Inkele oare hege bergen en rêgen yn Nepal binne de Daulagiry, Kanggenjunga, Lotse en Annapurna.
[bewurkje seksje] Klimaat
Troch de grutte hichteferskillen beskikt it lân oer útien rinnende klimaatgebieten, fan in heechberchtme klimaat yn de Himalaya oant in subtropysk klimaat bylâns de grins mei Yndia. Yn it easten fan Nepal falt mear rein as yn it westen.