Katmandû
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
| Katmandû | ||
| Sintraal Nepal mei Katmandû | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 3.442.271(2009, stedsdisrikt) | |
| Oerflak | 50,67 km² | |
| Befolkingstichtens | 67.935,1/ km² | |
| Stêdekloft | 4.503.266 | |
| Hichte | 1350 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Nepal | |
| Sône | Bagmati | |
| Distrikt | Katmandû | |
| Oar | ||
| Stifting | 10e ieu | |
| Tiidsône | Nepal Tiid (UTC+5:45) | |
| Koördinaten | ||
| Webside | kathmandu.gov.np | |
Katmandû (Nepaleesk: काठमांडौ) is de haadstêd fan Nepal.
De stêd leit yn in delling oan de rivier de Vishnumati op 1350 meter boppe seenivo.
De stêd is bekend om syn protte Boedistyske timpels en paleizen, dêr't de measte fan út de 17e ieu binne. De grutste timpel is Bouddhanath yn de wyk Bouddah; de measte paleizen steane oan it Durbarplein. Yn de fallei binne sân monuminten dy't op de Wrâlderfguodlist steane.
Katmandû hat ek it paleis fan de Nepaleeske keninklike famylje en is populêr by westerske toeristen, dy't har fral konsintrearje yn de wyk Thamel. It plak lûkt benammen kultuer- en rêchsektoeristen. Teffens is it in foarstasjon foar berchbeklimmers fan de Himalaya.
Sûnt de Tibetaanske diaspora hat Katmandû yn de twadde helte fan de 20e ieu Tibetaanske flechtlingen opnaam.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kathmandu fan Wikimedia Commons. |