San Diego

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
San Diego

SD Montage.jpg

Flag of San Diego, California.svg San Diego County California Incorporated and Unincorporated areas San Diego Highlighted.svg
Lân: Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Dielsteat: Flag of California.svg Kalifornje
Koördinaten: 32°46'48 NB 117°9' WL
Befolking: 1.279.329 (1 jannewaris 2009)
Befolkingstichtens: 1611.9 / km²
Boargemaster: Jerry Sanders

San Diego in stêd yn Kalifornje, Feriene Steaten fan Amearika; neffens ynwennertal de twadde stêd fan de steat en de achtste fan it lân. Der wenje sa'n 1,3 miljoen minsken; yn hiel de stêdekloft wenje likernôch 3 miljoen (2009).

De stêd leit yn San Diego County, dat grinzet oan Meksiko. De stêd sels leit direkt oan de Stille Oseaan. It strân fan de stêd is populêr by surfers.

De namme fan de stêd 'Sant Diego' komt fan de Spaanske hillige Sint Didakus. Troch it noflike klimaat wurdt de stêd ek wol America's Finest City neamd.

Yn 1850 kaam de stêd, troch de Amerikaanske oerwinning yn de Meksikaansk-Amerikaanske Kriich (1846-1848), by de Feriene Steaten.

De filmstjer Cameron Diaz is berne yn San Diego.

Stêdssilhûet fan San Diego.


Keppelings om utens [bewurkje seksje]

Commons Commons: San Diego – foto, fideo en harktriemmen