Tawny Kitaen

Ut Wikipedy
Tawny Kitaen
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Julie E. Kitaen
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 augustus 1961
berteplak San Diego (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Joadsk
jierren aktyf 1983 – no
offisjele webside
gjint

Tawny Kitaen (útspr. efternamme: /kə'te:ən/; echte namme: Julie E. Kitaen; San Diego (Kalifornje), 5 augustus 1961) is in Amerikaansk aktrise en presintatrise fan mingd Amerikaansk-Joadsk komôf, dy't it bekendst wurden is troch har byrollen yn 'e film Bachelor Party en de tillefyzjesearje Hercules: The Legendary Journeys.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kitaen is hikke en tein yn San Diego, yn súdlik Kalifornje, as de dochter fan Linda Taylor, in húsfrou en eardere meidochster oan skientmewedstriden, en Terry Kitaen, in wurknimmer by in neönreklamefabryk. Hja waard grutbrocht yn har heite joadske religy, al is hja strikt nommen (neffens de regels fan it joadendom sels, dy't soks inkeld fia de mem rekkenje) gjin joadinne. Doe't hja tolve jier wie, naam hja op eigen manneboet de namme "Tawny" (likernôch "Brúntsje") oan.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kitaen sette yn 1983 mei har aktearkarriêre útein mei in lyts roltsje yn 'e tillefyzjefilm Malibu. It jiers dêrop spile se de haadrol yn 'e eroatysk tinte aventoerefilm The Perils of Gwendoline in the Land of the Yik-Yak. Yn 1984 spile se ek Tom Hanks syn oansteande breid yn 'e film Bachelor Party, ien fan 'e rollen dêr't se noch it bekendst fan wurden is. Yn 1986 hie se fierders de haadrol yn 'e horrorfilm Witchboard. Yn dyselde snuorje rekke se fia har feint fan 'e middelbere skoalle, de gitarist Ratt, behelle yn 'e glam metal-muzykwrâld, en figurearre se yn ferskate fideoklips, benammentlik fan nûmers fan Ratt sels en fan 'e band Whitesnake (mei as bekendste dy fan it nûmer Here I Go Again fan Whitesnake).

Oan 'e ein fan 'e tachtiger jierren hie Kitaen lytse roltsjes of gastrollen yn in ferskaat oan tillefyzjesearjes, en fan 1992 oant 1994 presintearre se mei Dave Coulier it home video-programma America's Funniest People. Teffens hie se in fêste rol yn 'e komeedzjesearje The New WKRP in Cincinnati, en hie se gastrollen yn Seinfeld en Married... with Children. Yn 1994 spile se Deïaneira, de frou fan 'e Grykske held en healgod Herkules, yn 'e tillefyzjefilms Hercules and the Circle of Fire, Hercules in the Underworld en Hercules in the Maze of the Minotaur. Dy blieken sa populêr dat der in searje fan makke waard, Hercules: The Legendary Journeys, wêryn't Kitaen fan 1995 oant 1997 noch ferskate kearen de rol fan Deïaneira fertolkje mocht. Resinter wurke Kitaen fan 2006 ôf mei oan 'e realityshow The Surreal Life, en fan 2008 ôf oan Celebrity Rehab with Dr. Drew, wêryn't se fan har ferslaving oan medisinen besocht ôf te kommen.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kitaen wie fan 1989 oant 1991 troud mei David Coverdale, de liidsjonger fan 'e band Whitesnake, en fan 1997 oant 2002 mei honkbalspiler Chuck Finley. Mei Finley krige se twa dochters, Wynter Finley (1993) en Raine Finley (1998). Har houlik mei him einige doe't se him op in stuit fysyk te liif gie. Dat gie der sa om wei, dat Finley de plysje skille en har arrestearje liet foar húslik geweld. Trije dagen letter frege er in skieding oan. Kitaen ûntkaam oan gerjochtlike ferfolging troch yn te stimmen mei it folgjen fan terapy foar húslik-gewelddoggers. Yn novimber 2006 waard se wer arrestearre, diskear foar it besit fan 15 g kokaïne. Op 'e nij waard de saak seponearre doe't se dermei akkoart gie om yn terapy te gean foar har drugsferslaving. Yn 2009 waard Kitaen foar de trêde kear oppakt, no om't se dronken efter it stjoer siet.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.