Marjorie Bowes

Ut Wikipedy

Majorie Bowes († desimber 1560) wie de earste frou fan 'e Skotske tsjerkeherfoarmer John Knox. Hja wie in dochter fan Richard Bowes. De famylje Bowes wenne yn Berwick oan de Tweed. De famylje Bowes kaam yn kontakt mei Knox, doe't er dêr troch aartsbiskop Cranmer oansteld waard. Marjorie en Knox krigen twa soannen, Nathaniel en Eleazer. Nei Marjorie har ferstjerren wertroude Knox yn 1564 mei Margaret Stewart, dy't yn 'e fierte besibbe wie oan keninginne Marije I fan Skotlân.