Margaret Thatcher
Margaret Hilda barones Thatcher berne Roberts (Grantham (Lincolnshire), 13 oktober 1925) is in Britse âld-politika. Hja wie de earste froulike lieder fan de Britse Konservative Partij. Thatcher wie Premier fan it Feriene Keninkryk fan 1979 oant 1990. Se wie de earste (en oant no ta ienichste) froulike premier fan it Feriene Keninkryk. Hja waard bekend as de Izeren Dame (Ingelsk: The Iron Lady).
[bewurkje seksje] Politike karriêre
Thatcher studearre gemy yn Oxford en wie lange tiid gemikus. Yn 1959 waard se keazen yn it Legerhûs. Yn it kabinet fan minister-presidint Edward Heath wie se fan 1970 - 1974 minister foar Underwiis en Wittenskip. Yn 1975 dage se Edward Heath as lieder fan de Konservative Partij út en wûn de liederskipsferkiezing. Yn 1979 wist se de ferkiezings te winnen, wêrnei't se Earste Minister waard. Se waard yn 1983 en yn 1987 werkeazen. Sûnt 1988 is se de langst tsjinjende Britse premier sûnt 1827 doe't de Earl of Liverpool ôftrede. Om krekt te wêzen: se regearde alve jier, seis moannen en 26 dagen. Grut-Brittanje stie der min foar doe't Thatcher oantrede. De yndustry wie slim ferâldere, en de duorjende arbeidskonflikten behinderen de needsaaklike fernijing. Der wie in hege ynflaasje, en it nasjonale selsbetrouwen wie nei nei in minimum sakke.
In feite bewiisde de Argentynske junta Thatcher in grutte tsjinst, doe't syn legers de Falklandeilannen besetten. Thatcher, op dat stuit de ympopulêrste Britse lieder sûnt de Twadde Wrâldoarloch, hoegde gjin tel nei te tinken. De Royal Navy farde út lykas soks yn ferline ieuwen altiten barde as it heitelân yn gefaar wie. De Falklânoarloch wie allinnich al fanwege de grutte ôfstân nei de thúsbasis in grutte útdaging, mar waard ûndanks it ferlies fan de Britse jager Sheffield, twa fregatten en in transportskip, mei betreklik lichte ferliezen wûn yn in pear wike tiid. De Argentinen hienen de berettens fan de Britten finaal ûnderskatten en los fan de Argentynske loftmacht waard der amperoan ferset bean. It falen fan de geheime en diplomatike tsjinsten, dy't de Argentynske ynvaazje net foarsjoen hienen, brocht de Izeren Dame gjin skea omdat har minister fan bûtenlânske saken, Lord Carrington, him opoffere en ôftrede.
In jier letter wûnen de Tories, op de weagen fan it nasjonalisme, de ferkiezings mei gemak. De ôfsplitsing fan de SDP fan de Labour dy't yn de opposysje siet, dy't troch de SDP fierstente links fûn waard, holp ek tige. Hjirtroch sterke begûn Thatcher oan har foarnimmen om tsientallen ferliesjaande koaleminen te sluten. De bûnen fan mynwurkers, ûnder lieding fan de radikale Arthur Scargill, organisearren fuortdaliks in lanlike staking yn 1984. Der folge in gewelddiedige konfrontaasjes tusken stakers en plysje, wêryn mynwurkershúsghâldings gebrek hiene. Mar Thatcher wûn en nei 9 moannen gienen de minen ticht.
Grut-Brittanje wie dan wol lid wurden fan de Europeeske Mienskippen, mar Margaret Thatcher wie wantrouwich oer elke foarm fan supra-nasjonalisme en oriïntearre har op de Feriene Steaten. Mei de Amerikaanse president Ronald Reagan koe se goed opsjitte. Yn Europa fielde se har minder thús. Har 'I want my money back' late, mar pas nei tige hurde ûnderhannelings, ta kompensearjende maatregels op sosjaal terrein en yn de lânboubydrage foar Europa.
Yn 1990 brutsen yn heul Grut-Britanje rellen út doe't Thatcher in ynkommensôfhinklike belesting, de poll tax, ynfiere woe. It late ta har ôftreden: de partij woe fan har ôf en ferskate konservativen dagen Thatcher út om it liederskip fan de partij. Thatcher besluet, diels op advys fan har man, dat ôftreden earfoller wie as ferslein wurde. By har lêste kabinetssitting floeiden foar de twadde keer triennen yn it iepenbier: de earste kear wie doe't har soan Mark Thatcher 6 dagen fermist waard by de auto-rally Parys-Dakar yn Algerije. It liederskip fan de partij en it premierskip gienen nei John Major, ûnder Thatcher noch minister fan finansjen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Margaret Thatcher fan Wikimedia Commons. |