Banglades
Ut Wikipedy
|
|||||
| Offisjele taal | Bangla | ||||
| Haadstêd | Dhaka | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
144.000 km² 7,0% |
||||
| Ynwenners (2004) | 141.340.476 | ||||
| Munt | Taka (BDT) | ||||
| Tiidsône | UTC +6 | ||||
| Nasjonale feestdei | 26 maaie | ||||
| Lânkoade | BDG | ||||
| Ynternet | .bd | ||||
| Tillefoan | 880 | ||||
Banglades is in lân yn Súd-Aazje. De haadstêd is Dhaka en de presidint fan de republyk is sûnt 2002 Iajuddin Ahmed.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lizzing
Banglades wurdt begrinzge troch:
- Yndia yn it noarden, easten en westen;
- Birma en de Baai fan Bengalen yn it suden.
[bewurkje seksje] Lânskip
Hiel Banglades bestiet út fruchtber leechlân en leit yn it moessongebiet, dêr't in protte rein falle kin. De kuststripe wurdt net beskerme troch diken en hat betiden slim te leien fan oerstreamings mei somtiids rampsillige gefolgen. It súdwesten, oan de Yndiaske grins, makket diel út fan de slykflakte fan Ganges en Brahmaputra.
[bewurkje seksje] Skiednis
It eardere Bengalen hearde fan 1757 oant 1947 by de Britske koloanje Yndia. Troch opsplitsing as gefolch fan de ûnôfhinklikens fan Yndia kaam West-Bengalen by Yndia en East-Bengalen by Pakistan. Nei in grutte opstân, dy't folge op de grutte oerstreaming fan 1970, skiede East-Bengalen har fan Pakistan ôf en waard yn 1971 in eigen steat ûnder de namme Banglades.
De earste 15 jier waard it selsstannige Banglades regeard troch in autoritêr presidinsjeel rezjym. Tusken 1986 en 1991 folge in oantal steatsgrepen efterinoar. Tsjintwurdich hat it lân in demokratysk keazen regearing.
[bewurkje seksje] Demografy
[bewurkje seksje] Befolking
Banglades is sawat it tichtst befolke lân fan de wrâld. Yn it begjin fan de 20e ieu telde it gebiet tritich miljoen ynwenners; dat oantal is no ferfiiffâldige.[1] De befolking is frij homogeen gearstald: 98% is etnysk Bengaly. It oare part 2% bestiet út net-Bengaly-moslims en ferskate folken dy't yn de Sittagong-heuvels wenje.
[bewurkje seksje] Religy
De grutste religy is de islam dêr't 83% fan de befolking ta rekkene wurdt, de oare wichtige godstsjinst is it hindoeïsme mei 16% leauwigen. Ek binne der noch wat lytse groepen, boedisten, kristenen en animisten.
[bewurkje seksje] Taal
De Bengaly sprekke it Bengaalsk (ek wol Bangla) dat skreaun wurdt yn in skrift dat liket op it Devanagary. It Bengaalsk is ek de offisjele taal fan it lân. Ek Ingelsk wurdt noch hieltyd brûkt, benammen op skoallen en troch de regearing. Fierders sprekt it meastepart fan dejingen dy't net moslim binne it Urdu.
