Goalera

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Esculaap4.svg     Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!


Wiki letter w.svg
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde noege dêr in begjin mei te meitsjen.


Goalerabaktearjen ûnder de EM
In Vibrio cholerae-eksimplaar

Goalera is in ynfeksjesykte dy’t feroarsake wurdt troch de baktearje Vibrio cholerae. It wichtichste skaaimerk fan de sykte is koarts, slimme diarree en útdroeging. De inkubaasjetiid fan de baktearje kin útienrinne fan seis oeren oant twa dagen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Besmetting

De sykte wurdt oerbrocht fia it drinken fan besmet wetter, troch it iten fan rauwe fisk dy’t yn besmet wetter swommen hat of troch griente dat yn sok wetter wosken is. Fierders kin kontakt mei spui of ûntlesting fan de pasjint de sykte ek oerbringe. Binnen 30 minuten fermeardert de baktearje him yn it minslik lichem. At it ymmúnsysteem dat net oankin wurdt de bemette persoan siik. De inkubaasjetiid fan de baktearje kin útienrinne fan seis oeren oant twa dagen.

[bewurkje seksje] Ferrin

Yn 85 procent fan de gefallen jout de sykte gjin symptomen. Is dat wol sa dan kin de sykte hurd taslaan yn in tige koart skoft tiid. De earste ferskynsels binne misselijkheid, spuije, pine búk en slimme wetterige diarree. Yn in koart skoft tiid, sa as 24 oeren, kin de pasjint dan folslein útdroechje en yn shock bedarje mei orgaanfunksjesteuringen. Sûnder behanneling laat dit ta de dea. De measte (deadlike) slachtoffers falle ûnder de âlderein en lytse poppen. Dy groepen binne it meast kwetsber omdat harren ymmúnsysteem noch net genôch ûntwikkele is c.q. minder goed funksjonearret .

Tekening fan de Dea dy't goalera bringt, yn Le Petit Journal

[bewurkje seksje] Behanneling

At der fluch en adekwaat hannele wurdt is de kâns op ferstjerren om de 1% hinne. De behanneling begjint mei it tatsjinjen fan focht en elektroliten om útdroechjen foar te kommen. Dat kin bygelyks troch it jaan fan ORS troch de mûle of fia in yntraveneus ynfuus at de pasjint te siik is om te drinken. Tagelyk wurdt in antibiotikum jûn.

[bewurkje seksje] Skiednis

[bewurkje seksje] Boarne fan de baktearje

De Vibrio cholerae baktearje komt út Yndia en soe nei de epidemy fan 1817 troch kolonialen nei Europa brocht wêze. Yn 1831 briek de sykte yn Europa út. Ek Nederlân waard swier rekke, foar it earst yn 1833; doe stoaren der 5.000 minsken oan de goalera.[1]

[bewurkje seksje] Oarsaken

Troch de yndustrialisaasje ûntstiene yn de grutte stêden arbeiderswiken dy’t slim oerbefolke rekken. Dit ferskynsel waard dit earst yn Ingelân sjoen dêr’t de widze fan de yndustrilisaasje stie. Besteande wetterstreamen, beerputten en de pear rioelen dy’t der wienen, koene it tanimmende oanbod fan smoargens net oan: letterlik alle smoargens fan partikulieren en bedriuwen bedarre yn rivieren en sletten. Benammen by waarm waar wie de stank net te hurdzjen. Faak wie men op itselde wetter oanwiisd om fan te drinken. Wetterlieding wie seldsum. Ut reden fan it folsleine gebrek oan hygiene koe de goalera sa wyld om him hinne slaan. Sûnt de 'Swarte Dea' (pest) yn de Midsieuwen wienen de minsken net mear sa benaud foar in sykte west as foar de goalera.[2]

Yn 1854 lei de Britske arts/wittenskipper John Snow foar it earst it ferbân tusken de sykte en besmet wetter. Snow ûntdekte dat de goalera-epidemy fan 1854 yn Londen ûnder oaren feroarsake waard troch besmet wetter út in wetterpomp op Broadstreet; minsken dy’t harren wetter dêr hellen rekken faker besmet as op oare plakken. Snow liet statistysk dúdlik sjen dat de minsken yn Londen mei in eigen put of mei wetterlieding net of minder siik waarden. Spitichernôch waard der net nei him harke doe't er syn ûndersyksreultaten yn it pamflet On the Mode of Communication of Cholera publyk makke. Doetiids waard algemien tocht dat stank, smoarge lucht (miasmen), de oarsaak fan sykten wie en gelearden wienen der noch oan ta om dizze teory te fersmiten. Robert Koch, doe noch in ûnbekende hûsdokter, fûn as earste de vibrio cholerae-baktearje.

Earst yn de lêste desiniums fan de 19e ieu waarden wiidweidige rioelstelsels oanlein. Yn Londen wie dat it wurk fan Joseph Bazalgette. Doe wie it dien mei de goalera-epidemyen.

[bewurkje seksje] Epidemyen

  • Yn 1866 makke in epidemy yn Amsterdam 21.000 slachtoffers.
  • Fan 1881 oant 1896 makke goalera neffens Dr A. J. Wall de Cholera 250.000 slachtoffers yn Europa en teminsten 50.000 yn Amearika. Golera easke 267.890 libbens yn tsaristysk Ruslân (1892);[3] 120.000 yn Spanje[4]; 90.000 yn Japan en 60.000 yn Perzje. Yn Egypte foelen goed 58.000 deaden. De epidemy fan 1892 yn Hamburch, Dútslân deade 8.600 minsken. It stedsbestjoer waard mei skuldich fûn, mar bleau sitten. Dit wie de lêste slimme útbraak fan goalera yn Europa.
  • Yn 2008 en 2009 makke in goalera epidemy yn Simbabwe noch minstens 4.000 slachtoffers.

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Goalera komt as klere foar yn de Nederlânske ferwinsking: Krijg de klere. (Of: Krijg de kolere.)

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Cholera: Vraag en Antwoord, OneWorld.nl, 18 desimber 2008
  2. Bill Bryson,At home. A short history of private life. S. 372. 373, 375
  3. Cholera - LoveToKnow 1911
  4. The cholera in Spain, New York Times fan 1890-06-20
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen