Elektroanemikroskoop

Ut Wikipedy
Elektroane- mikroskoop

Elektroanemikroskopy is in technyk dy't gebrûk makket fan in bondel elektronen om het opperflak of de ynhâld fan objekten ôf te byldzjen. Meidat fersnelde elektroanen in folle lytsere golflingte hawwe as fotoanen kin de resolúsje fan in elektroanemikroskoop folle heger wêze (better as 0,1 nm) as dy fan in ljochtmikroskoop (ongeveer 200 nm).

Dêrneist hawwe elektroanen in oare wikselwurking mei de matearje sadat der in oar kontrast makke wurde kin. By ljochtmikroskopy wurdt de resolúsje beheind troch de golflingte fan it ljocht, by elektroanemikrosopen wurdt de resúsje beheind troch de ôfwikingen fan de optyk, want elektroanelinzen binne yn fergeliking mei optyske linzen fan folle mindere kwaliteit.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste elektroanemikroskoop waard yn 1931 boud troch de Dútske natuerkundige Ernst Ruska (1906-1988), yn de mande mei de Dútske ektrotechnikus Max Knoll (1897-1969). It levere Ruska yn 1986 de Nobelpriis foar de Natuerkunde op. Hy wist dat elektroanen (lykas locht) har as weagen hâlde en realisearre him dat as elektroanen fersneld wurde yn in heechfakuümz sy brûkt wurde kinne yn it ôfbyldzjen fan objekten.

Ruska syn earste mikroskoop hie in resolúsje fan mar 17 kear, mar 1933 hie er in elektroanemikroskoop mei in bettere resolúsje as in ljochtmikroskoop. Foar fierdere ûntjouwing fan it apparaat gie Ruska nei Siemens & Halske yn Berlyn dêr't er mei syn sweager Bodo von Borries yn 1939 de earste transmissy elektroanemikroskoop fabrisearre dy't ek yn de hannel kaam.

Twa jier earder, yn 1937, hie de Dútser Manfred von Ardenne de roasterelektroanemikroskoop betocht.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]