Robert Koch

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Robert Koch
Koch syn hantekening

Heinrich Hermann Robert Koch (Clausthal, 11 desimber 1843Baden-Baden, 27 maaie 1910) wie in Dútsk medikus.

Koch waard berne yn de hûshâlding fan Hermann (mynbouyngenieur) en Mathilde Koch; der wiene trettjin bern. Yn syn jeugd samle er mineralen, ynsekten en koarstmoassen. Hy sette útein mei syn stúdzje medisinen yn 1862 oan de universiteit fan Göttingen.

Hy waard ferneamd troch it ûntdekken fan de oarsaak fan myltfjoer (Bacillus anthracis) yn 1877, tuberkuloaze (Mycobacterium tuberculosis) yn 1882 en golera (Vibrio cholerae) yn 1883 en ek troch it ûntfâldzjen fan Kochs postulaten.

Nei Koch's súkses rûn de kwaliteit fan sy ûndersyk tebek (dêr wie it fiasko fan syn tuberkuloaze genêsmiddel "tuberkuline" dat net blykte te wurkjen), hoewol't syn learlingen de feroarsakers fan diftery, tyfus, longûntstekking, gonorrhoe, serebrospinale harsensfluesûntstekking, lepra, bûdepest, tetanus, en syfilis fûnen, ûnder oaren troch syn metoaden ta te passen.

Robert Koch stoar op 27 maaie 1910 troch in hertoanfal yn Baden-Baden, yn de âldens fan 66 jier.

Foar it ûntdekken fan de baktearje dy't tuberkuloaze feroarsaket krige er yn 1905 de Nobelpriis foar de Fysiology of Genêskunde. Yn 1906 waard er opnaam yn de eksklúsive Oarder "Pour le Mérite".

Koch syn postulaten[bewurkje seksje | edit source]

De Kochpostulaten binne:

  1. It mikroorganisme moat oerdiedich oanwêzich wêze yn organismen dý't fan de sykte te lijen hawwe, mar soene net fûn wurde moatte yn sûne bisten.
  2. It mikroorganisme moat isolearre wurde út in siik organisme en kweekt wurde yn in suvere kultuer.
  3. It kweekte mikroorganisme moat sykte feroarsaakje at it yn in sûn organisme brocht wurdt.
  4. It mikroorganisme moat op 'en nij isolearre wurde út it inte, ferstoarne, eksperimintele gastorganisme en identifisearre wurde as de gelikense fan it oarspronklike siikmeitsjende middel.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Methoaden foar it bestudearjen fan siikmeitsjende organismen (1880)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]