Antibiotikum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Amoxycillinekapsules, in breedspektrumantibiotikum

It klassike begrip antibiotikum bestiet út stoffen fan organyske oarsprong dy't sykteferwekkers (benammen baktearjes yn it lichem) bestriden, dit neist gemoterapeutika, stoffen dy't troch de mins op syntetyske wize makke binne. Tsjintwurdich wurdt dit ûnderskied net mear strikt hanthavene en wurdt by alle stoffen dy 't oan minsken tatsjinne wurde kinne om bakteriële ynfeksjes te bestriden sprutsen oer antibiotika. Mei de term gemoterapeutika wurde tsjintwurdich mear spesifyk anty-kankermiddels bedoeld. Middels dy't sykteferwekkers deadzje dy't net yn it lichem mar op de hûd of op bygelyks wurkblêden sitte, wurde desinfektantsia of antiseptika neammd. Der binne twa wichtige groepen antibiotika: de bakteriside of baktearjedeadzjende, en de bacteriostatyske of baktearjeremjende, dy't de groei foarkomme. Foar in bakteriside wurking (bg. by penisillinen) is groei soms needsaaklik. Soksoarte middels kinne, alteast teoretysk besjoen, better net mei in antibiotikum út de bakteriostatyske groep (lykas doksysykline) kombinearre wurde.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It earste antibiotikum penisilline waard yn 1928 troch Alexander Fleming[1] ûntdekt as de wurksume stof ôfskieden troch in bepaalde penseelskimmel, Penicillium notatum. Pas yn 1941 ferskynden de earste publikaasjes fan tapassing op minsken. Letter kaam dêr it streptomysine noch by, en ferskate ôflate middels.

De ûntdekking fan antibiotika as penisilline betsjutte in trochbrek yn de bestriding fan sykteferwekjende baktearjen, en der waard dan ek oer sprutsen as 'in wûndermiddel', dat in grutte effektiviteit kombinearre oan lytse bywurkings.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://205.188.238.181/time/time100/scientist/profile/fleming.html