Kanker

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Esculaap4.svg     Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

Kanker (Latyn: neoplasma malignum) is in oandwaning dy't skaaimerke wurdt troch de folgjende ferskynsels:

  • der binne sellen dy't har ûnbehearske fermannichfâldigje en dit dwaan bliuwe;
  • de woekerjende sellen wreidzje har út yn omlizzend weefsel en rjochtsje hjir skea oan (ynvasive groei of ynfiltraasje);
  • de woekerjende sellen ferspriede har ek nei fier wei lizzende plakken yn it lichem (metastasearring ofwol útsiedding). Dit bart middels de lymfefetten (lymfogene metastasearring), fia it bloed (hematogene metastasearring) en yn oanwêzige lichemsholten (bygelyks búkholte).

Hast alle medyske spesjalismen hâlde har dwaande mei kanker, mar benammen spesjalisten yn de onkology en radiotearapy hawwe har spesjalisearre yn de behanneling fan kanker. Yn 2008 wie kanker yn Nederlân foar it earst de wichtichste deadsoarsaak.

Preparaat fan adenokarsinoom

Wat is kanker?[bewurkje seksje | edit source]

It wurd "kanker" is ôflaat fan it Latynske wurd "cancer", dat oarspronklik "kreeft" betsjut. De sykte hjit yn it Dútsk ek noch altiten "Krebs". De namme is ûnder oare al troch Galenus oan de oandwaning jûn, omdat yn earder tiden de sykte werkend waard oan de opfallend reade, swolde bloedfetten tichtby de swolms, dy't de artsen fan doe tinken diene oan de reade poatsjes fan in kreeft.

Kanker is in oandwaning dy't skaaimerke wurdt troch de ûnbehearske groei fan weefsels troch in oanhâldende seldieling. Sûne sellen yn it lichem diele (proliferearje) inkeld as soks nedich is lykas wannear't bepaalde organen oan fernijing of werstelling ta binne. By dizze selproliferaasje krije de sellen ek in spesifike foarm en grutte, ôfhinklik fan haren funksje, wat wy kenne as seldifferinsjaasje. Dizze dieling en differinsjaasje stiet ûnder ynfloed fan meardere faktoaren: de útwindige faktoaren (hormoanen, gemyske stoffen, firussen, ...) en de ynwindige sinjalen (aaiwiten dy't ûntsteane ûnder ynfloed fan spesifike regelgenen binnen de sel). Beide typen faktoaren kinne én in stimulearjende of in remjende ynfloed op de seldieling hawwe. Yn it gefal fan de ynwindige sinjalen sprekke wy fan sellulêre groeifaktoaren of groeiremmers.

As ien of meardere sellen ûntsnappe oan dizze regulearjende meganismen kin dêrút in lokale swolm of tumor ûntstean. By de ûntregeling fan it komplekse gearwurking fan groeibefoarderjende en groeiremjende faktoaren yn it foardiel fan de groeistimulaasje kin der selwoekering optrede. De dielende sellen (nijgroei of neoplasy) hawwe faak harren normale foarm en funksje ferlern. Wy sprekke pas echt fan in kanker yn it gefal fan de kwea-aardige (of maligne) tumors. Dizzen binne, oars as goedaardige (of benigne) tumor, yn steat om it orgaan wêryn't se ûntstien binne te ferneatigjen en net allinnich te beskeadigjen. Boppedat kinne se har ferspriede: troch in ynvaazje fan de omjouwing kinne se útgroeie oant yn it weefsel deromhinne. Eventueel kinne se har ek útsiedzje ( ek wol metastasearring) fia de bloed- en lymfestream om sa yn oare organen te bedarjen.

Epidemiology[bewurkje seksje | edit source]

Boarstfoto mei kanker yn de linker long

Yn Nederlân waarden yn 2003 neffens de Nederlânske kankerregistraasje rom 73.000 gefallen fan kanker fêststeld. Yn 10% fan dizze gefallen is al earder in foarm fan kanker diagnostisearre. Elk jier stjerre yn Nederlân sa'n 38.000 minsken oan kanker. Op dit momint hawwe nei skatting saa'n 400.000 minsken yn Nederlân kanker.

Kankersoarten dy't by bern en jongerein it meast foarkomme binne leukemy, lymfoamen en harsentumors.

Oare soarten binne:

Klachten[bewurkje seksje | edit source]

  • Der ûntsteane swolms (tumors). Hoewol't it wurd 'tumor' foar pasjinten faak in eangstige byklank hat betsjut it gewoan 'swolling'. In tumor kin likegoed goed- as kwea-aardich wêze. In goedaardige tumor wurdt ek wol benigne neamd, in kwea-aardige maligne. By kanker is der sprake fan maligne tumors.
  • Kankerweefsel genêst net goed en begjint maklik te blieden. bloedferlies (bg. by ûntlêsting, urine, út de tit of by hoastjen) is ien fan de wichtichste iere warskôgingssymptoamen.
  • De swolms drukke op oare struktueren en behinderje de wurking dêrfan. By de term kin bg. trochgong fan fiedsel ûnmooglik wurde; by it rêgemurch kinne ferlammingen ûntstean; yn bonken kinne brekken optrede; by senuwen kin pine ûntstean; yn de holle ûntsteane der ek oare neurologyske problemen lykas epilepsy. As it bienmurch troch tumorweefsel ferfongen wurdt ûntsteane slimme bloedearmoede en stjurringssteurnissen.
  • Kanker feroarsaket faak feroaring fan de stofwikseling en regulaasje dêrfan (paraneoplastyske syndroamen), wêrûnder:
    • Ferhege hormoanproduksje.
    • Harsens-, senuw- en/of spierôfwikingen.
    • Bloed en stjurringsôfwikingen.
    • Hûdôfwikingen.
    • Koarts (tumorkoarts)
    • kacheksy (fermeagering), anoreksy (ferminderde ytlust)

Diagnostiek[bewurkje seksje | edit source]

Binnen de onkology spylje byldfoarmjende ûndersiken in promininte rol:

Neist byldfoarmjend ûndersyk sil der ek altiten patologysk ûndersyk nedich wêze. Hjirby kin sjoen wurde nei de kankersellen sels (sytology) en nei it ferbân tusken de kankersellen en de omjouwing dêr't se yn lizze (histology). Dit materiaal kin krigen wurde mei punkjes troch in nille of fia operatyf weiheljen. Faak wurdt operatyf sjoen hoe fier't it kankerproses útwreide is yn it lichem (lymfeklieren en metastazen op ôfstân).

Uteinlik wurdt op grûn fan de diagnostyk it te folgjen belied bepaald.

Medyske behanneling[bewurkje seksje | edit source]

De behanneling fan kanker hat twa mooglike doelen:

  • kuraasje (genêzing) as mooglik
  • palliative soarch (fersêftsjen fan de pine en oare symptomen) as genêzing net mear mooglik is

Binnen de onkology bestaan as behannelingsopsjes:

Ofhinklik fan de gefoelichheid foar it type behanneling fan de tumorsellen, en/of mooglikheid om it hielendal operatyf wei te heljen, en/of oanwêzichheid fan metastazen, wurdt in kombinaasje fan meardere typen behannelingstechniken brûkt. De ferskillende metoades kinne yn it ramt fan de kuraasje mar ek as palliaasje brûkt wurde. As der noch gjin metastazen binne, is it sjirurgysk weiheljen fan de tumor soms kuratyf. By te fier foardere kanker kin soms dochs besluten wurde ta sjirurgy om bygelyks de pine fan de pasjint te fersêftsjen.

Neist dizze behannelingen binne der ek nije terapyen ûntwikkele, lykas genterapy en immunotearapy. Dizze eksperimintele behannelingen binne faak ûnderdiel fan wittenskiplik ûndersyk. Immunoterapy is wyls deistige praktyk; bekendste foarbyld is de behanneling fan boarstkanker mei trastuzumab (Herceptin).

Undersyksynstituten[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: