Bûrûndy
Ut Wikipedy
|
|||||
| Offisjele taal | Kirûndy, Frânsk | ||||
| Haadstêd | Bujumbura | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
27.830 km² 7,8% |
||||
| Ynwenners (2004) | 6,1 miljoen | ||||
| Munt | Burûndeeske frank (BIF) | ||||
| Tiidsône | UTC +2 | ||||
| Nasjonale feestdei | 1 july | ||||
| Lânkoade | BDI | ||||
| Ynternet | .bi | ||||
| Tillefoan | 257 | ||||
Bûtûndy is in lân yn Sintraal-Afrika. De haadstêd is Bujumbura.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
Bûrûndy lei noardeastlik fan de Tanganjikamar en strekt har út oer in heechflakte op sawat 1500 meter hichte mei savannen yn it binnenlân. It hat allinnich lângrinzen, mei Kongo-Kinshasa 233 km, mei Rwanda 290 km en mei Tanzania 451 km . Yn it noardeasten leit in fochtich tropysk reinwâld. De heechste pyk is de berch Heha op 2670 meter hichte. De Nyl ûntspringt yn de bergen fan Bûrûndy en Rûanda.
[bewurkje seksje] Klimaat
It klimaat is frij myld, tanksy de lizzing op grutte hichte.
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn de 15e ieu krongen fanút it noarden Tûtsy-stammen Bûrûndy yn, dy't in feodaal bewâld fierden oer de ynhiemske Hûtûs. Yn 1890 waard it gebiet in part fan de Dútske koloanje East-Afrika, dat nei de Earste Wrâldkriich troch Belgje bestjoerd waard. Yn 1962 waard Bûrûndy ûnôfhinklik en sûnt dy tiid is hieltyd sprake fan konflikten tusken de Hûtûs (85 % fan de befolking) en de Tûtsys (15 %). Nettsjinsteande in nij grûnwet yn 1992 kin dizze boargerkriich net as beëinnige beskôge wurde.
[bewurkje seksje] Befolking
De grutste etnische groeperingen binne de Hûtû, Tûtsy en de Twa.