Apostel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In apostel is ien dy’t út namme fan in oar der op út stjoerd wurdt en in boadskip oerbringt. De term wurdt foaral brûkt yn de Bibelse betsjutting, foar ien dy 't stjoerd is troch Jezus Kristus om it evangeelje te fersprieden.

Bibel[bewurkje seksje | edit source]

Yn de Bibel wurdt skreaun oer de apostels fan Jezus:

De earste apostels wienen alve fan de tolve dissipels fan Jezus. Der wie ek noch in tolfde dissipel, Judas Iskariot mar hy hong himsels op. Hy waard opfolge troch Mattias. De alve apostels hawwe de lêste jierren fan Jezus libben op ierde fan tichtby meimakke. Sy hearden ta de binnenste rûnte fan syn oanhingers. Nei Jezus' werferskinen op ierde, begûnen de apostels it evangeelje te fersprieden yn Israel, Syrje en Súd-Jeropa. Ek Paulus neamde himsels in apostel, mar dy hie Jezus nea op ierde moete. Ynstee dêrfan wie er pas letter op in boppenatuerlike wize oanhinger wurden fan Jezus Kristus syn lear.

De apostels (yn alfabetyske folchoarder):

  1. Andreas (Simon Petrus' broer)
  2. Bartolomeüs
  3. Filippus
  4. Jakobus de Rjochtfeardige (al dan net de broer fan Jezus)
  5. Jakobus de Meardere (soan fan Zebedeüs)
  6. Jehannes (soan fan Zebedeüs)
  7. Judas Taddeüs (broer (of soan) fan Jakobus, ek wol Judas Lebbeüs neamd)
  8. Mattias, de opfolger fan Jezus' dissipel Judas Iskariot
  9. Matteüs (ek wol Levi neamd)
  10. Petrus (ek wol Simon Petrus en Kefas neamd)
  11. Simon (Mei faak as tafoeging "De Seloot")
  12. Tomas
  13. Paulus (as de lettere, 13e apostel)

Net yn alle evangeeljes fan de Bibel wurde lykwols krekt deselde nammen brûkt.

Apostoalske Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Hjoed de dei wurdt de titel Apostel ek wol brûkt troch de wichtichste foargonger fan tsjerken dy’t harsels Apostoalske Tsjerke neame.