Stedhûs fan Dokkum

Ut Wikipedy
Stedhûs fan Dokkum
Ynterieur Dokkumer stedhûs. Behingsels mei allegoryen fan Daniël Reynes

It Stedhûs fan Dokkum is in stedhûs en ryksmonumint yn de stêd Dokkum. It is boud yn 1610. Tsjintwurdich wurdt der net mear fergadere yn de boargemaster- en de wethâlderskeamer, har kantoaren binne der lykwols noch. De gearkomsten wurde no hâlden yn de, mei in brêge ferbûnne, gebouwen oan de Koningsstrjitte . It stedhûs wie fan 1984 oant 2018 it gemeentehûs fan Dongeradiel. Tsjintwurdich is dat it gemeentehûs fan de fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.

Op 3 septimber 1607 besleat it stedsbestjoer fan Dokkum ta de bou fan it stedhûs. It Mockemahûs, boud troch mitseler en stienhouwer Jacob Lous út Harns moast yngeand ferboud wurde ta stedhûs. It stedhûs dat tusken 1607 en 1610 ferriisde, waard asymmetrysk. Net krekt yn de midden, mar krekt dernjonken kaam de yngong. De grutte gevelstien waard makke fan natuerstien. Boppe-op de toer stie in achtkante lantearnespits en in wynwizer yn de foarm fan in skip. Yn 1717 waard dizze ferfongen troch in gruttere. Sadwaande kaam der romte foar in klokkekoepel. It gebou wie yn maniëristyske styl. Dizze styl is no allinnich noch te finen yn de Griene keamer mei in skou. Op tongersdei 29 novimber 1610 waard it stedhûs yn gebrûk nomd.

Utwreiding en ferbouwings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de midden fan de 18e iuw waard it stedhûs te lyts. Yn 1756 besleat de magistraat (boargemaster) om it njonken it stedhûs steande pân oan te keapjen. Dat waard tusken 1761 en 1762 sa boud dat de flierren op de ferdjippings oanslueten op dy fan it stedhûs. Sa waard ek it dak op deselde hichte brocht. It gebou waard dêrtroch wat in griemmank. Dit kin de reden west hawwe foar in grutte ferbouwing yn 1835. Al it maniëristyske ferdwûn en derfoar yn it plak kaam de klassisistyske boustyl. De rolgevel waard ferfongen troch in fronton mei it troch Jacob Lous makke byld fan frou Justitia.

Skilderijen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skilderijen út 1763 fan Daniël Reynes (1711 - 1777) fan Swol yn de riedsaal binne setten yn in greinen betimmering. De earste fan de rige ferbyldet de skiednis, de skilderkeunst, de âldheid en de Oseaan, dy't altyd in gefaar foar Dokkum west hat. It twadde skilderij lit de opkomst fan it Kristlike leauwe sjen. It tredde skilderij lit de oarloggen sjen. Sa sjogge wy de oerwinning op de Spaanske besetting. Ek sjogge wy dat Dokkum Protestant wurdt. It lêste skilderij lit de bloei fan Dokkum sjen. Ek binne der skilderijen fan ûnder oare Burmania. De skilderijen byldzje benammen de rom en dapperheid fan de Dokkumers út.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]