Waach (Dokkum)

Ut Wikipedy
De waach yn 2022

De waach fan Dokkum waard yn 1754 boud as bûterwaach en ferfong in earder bouwurk út 1593.

Yn it gebou siet oan de súdkant ek de militêre wacht. Op de súdgevel stiet it wapen fan Fryslân tusken ta liuwen. Oan de noardgevel (dêr't it Wapen fan Dokkum op stiet) wie oarspronklik in bûterwaach. Op de gevelstien stiet de tekst Weegt en Waakt, dit seit wat oer de oarspronklike dûbelde funksje fan de Waach as waach- en waakgebou.

Nei't it gebou de funksje fan waach ferlear, hat it ûnder oare tsjinst dien as stalling foar brânwarspuiten, plysjeburo, âldheidskeamer en VVV-kantoar. Sûnt 1998 wurdt it gebou brûkt as restaurant.