Twarres

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Twarres is in Frysk popmuzyk-duo, dat oarspronklik bestie út Mirjam Timmer en Johan van der Veen. De groep hie yn 2001 en 2002 yn hiel Nederlân grutte suksessen en hat de eare de earste en oant no ta ienige Frysktalige nûmer-ienhit behelle te hawwen.

Wêr Bisto[bewurkje seksje | edit source]

Timmer en Van der Veen, allebeide berne yn Wergea, hienen al betiid meiïnoar songen doe't se yn 1999 it Fryske Liet wûnen mei de swiete ballade Wêr Bisto. It liet waard op single útbrocht, mar fierder as de tipparade kaam it net. Yn 2000 waard Twarres by televisjepresintator Paul de Leeuw útnoege en nei't se it liet dêr op 'e nij spile hienen, bea EMI harren in nij kontrakt oan en namen sy de single opnij op. No slagge it wol om yn de top-40 te kommen; nei in pear wike stiene se sels boppe-oan. Dêrmei is Wêr Bisto net allinnich it heechste notearre Fryske liet (dêrfoar wie dat In Nije Dei fan De Kast, #4), mar ek it heechste notearre liet yn in Nederlânske streektaal (oant dan wie dat Oerend hard fan Normaal, #2). Ek yn Belgje helle it liet it earste plak.

Band[bewurkje seksje | edit source]

It duo gong nei dit sukses fierder as in band. Yn juny 2001 kaam it album Stream út. Op Wêr Bisto nei wienen alle lieten yn it Ingelsk, mar de styl wie wol homogeen. De opfolger, CD2 neamd, die it net sa bêst, krekt as de singles dy't derfan lutsen wienen. Op 21 desimber 2003 joegen se har lêste konsert.

Mirjam Timmer gong allinich fierder as Mir.

In nij begjin[bewurkje seksje | edit source]

Op tongersdei 25 jannewaris 2007 kundige it duo oan dat se wer byelkoar wiene. Johan hie in kantoarbaan. Mirjam har solokarriêre wie net echt fan de grûn kaam. Se soenen no tegearre besykje om fan Twarres wer in sukses te meitsjen. Om reden fan sûnens moast Johan van der Veen lykwols ôfheakje. Twarres is op 14 septimber wer útein set, mar no as Mirjam Timmer en Auke Busman.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]