Akke Marije Marinus

Ut Wikipedy
Akke Marije Marinus
persoanlike bysûnderheden
echte namme Akke Marije Marinus
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 5 desimber 1995
berteplak Dokkum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt model
jierren aktyf 2016 – no
reden
  bekendheid
wûn de talintejacht Holland's
   Next Top Model
2016
offisjele webside
Akke Marije Marinus
   op Facebook

Akke Marije Marinus (Dokkum, 5 desimber 1995)[1] is in Frysk model dat yn 2016 Holland's Next Top Model wûn, in talintejacht dy't op 'e Nederlânske tillefyzje útstjoerd waard.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Akke Marije Marinus waard yn 1995 berne[1][2][3] yn Dokkum.[1] Se groeide op as boeredochter[2][3] yn it doarp Boarnwert.[1][2][3][4] Hja rûne mei goed gefolch de HAVO ôf[2] oan it Dockinga Kolleezje yn Dokkum,[1][5] en folge in oplieding yn Houten[5] dy't har yn 2016[5] ta diplomearre sportmasseur makke.[2][3][5] Dêrnjonken siet se op fuotbaljen en joech se op 'e sneinsskoalle les yn nifeljen oan 'e pleatslike bern.[2][3] Sûnt 2014 hie se boppedat in bybaantsje as servearster yn it restaurant Waddengenot aan Zee, yn Lauwerseach.[5] Yn 2016 wie se dwaande mei in oplieding ta ferpleechkundige[2] oan 'e Hânzehegeskoalle yn Grins,[5] dy't se letter lykwols ôfbriek.[1]

Hoewol't hja foartiid pas twa kear oan in fotoshoot meiwurke hie,[2][4] naam Marinus yn 2016 diel oan it njoggende seizoen fan 'e talintejacht Holland's Next Top Model, op 'e tillefyzjestjoerder RTL 5. Nei eigen sizzen wie it nea by harsels opkommen om dêroan mei te dwaan, as har freonen der net op oankrongen hiene. Uteinlik wie it in kammeraatske fan harres dy't it oanmeldingsformulier foar har ynfolle.[2][4]

Marinus hie der net folle fidúsje yn, mei't se sûnt har sechstjinde al ferskate kearen oansprutsen wie troch in talintescout foar in modelleburo, wat hieltyd op neat útrûn wie.[2][4] Likegoed fûn se it sels in "fantastyske belevenis" om oan in tou oan 'e Euromêst te hingjen of om klaaid yn djoere linzjery in treppen fan 180 triemmen te beklimmen.[4] Fan 'e sjueryleden krige se kommentaar op har lichemshâlding en op har saneamde 'Fryske nofterens', dy't har der "futleas en enerzjyleas" útsjen litte koe.[3] Sels wiet Marinus dat oan it feit dat se by guon opdrachten stiif stie fan 'e senuwen. Se wist fan harsels dat se net sa wie sa't de sjueryleden har omskreaune, dat harren krityk hat se dan ek nea wekker fan lein.[4] Nettsjinsteande dat ûntjoech Marinus har ûnder de talintejacht al rillegau ta de favoryt, en kaam se bekend te stean ûnder de bynamme 'Boarnwerts Beauty'.[2][4]

By de op 25 oktober[4] útstjoerde finale moast se it opnimme tsjin 'e Hollânske fammen Noor van Velzen en Emma Hagers en tsjin 'e swarte dielnimster Colette Kanza, dy't foar de finale in wild card krigen hie.[2] Marinus kaam lykwols mei flagge en wimpel op it earste plak en wûn dêrmei in modellekontrakt by modelleburo Touché ter wearde fan 50.000, mei dêropta in djoer nij bêd, in auto, en har eigen parfum.[2] Se hat oanjûn dat se derfan dreamt om mei te rinnen yn in moadeshow fan linzjerymerk Victoria's Secret, krekt as har idoal Doutzen Kroes.[2][3] Yn jannewaris 2017 joech Marinus nei in healjier har stúdzje ferpleechkunde yn Grins deroan om't dy net mear te kombinearjen foel mei har tanimmende modellewurk.[6] Yn septimber 2017 brocht se in eigen parfum op 'e merk, mei as namme It's me, Akke Marije.[6]

Anno 2020 bekende Marinus yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante dat se harsels lang as mislearring beskôge hie om't se ophâlde moatten hie mei har oplieding. Dat gefoel hie se doe lykwols efter har litten.[1] Se hie har ûnderwilens losmakke fan modelleburo Touché, om't se dêr nei eigen sizzen "lyts holden" waard en tefolle "as maskotte brûkt" waard.[1] Mids juny 2020, midden ûnder de koroanafiruspandemy, doe't har modellewurk frijwol stil lei, brocht se in nij parfum op 'e merk.[1] Privee hie se in relaasje mei sakeman Sander de Jonge.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 Elverdink, Wieberen, Kind van Bornwird, Vrouw van de Wereld, yn: de Ljouwerter Krante, 3 oktober 2020, bylage Freed, s. 8.
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 2,11 2,12 2,13 Akke Marije (20) Is Holland's Next Top Model 2016, yn: it Algemeen Dagblad, 26 oktober 2016.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 3,5 3,6 Akke Marije Marinus Door in Holland's Next Top Model, yn: de Ljouwerter Krante, 7 septimber 2016.
  4. 4,0 4,1 4,2 4,3 4,4 4,5 4,6 4,7 Kommerie, Johanna, Akke Marije: HNTM Is Eén Groot Avontuur, yn: de Nije Dokkumer Krante, 27 septimber 2016.
  5. 5,0 5,1 5,2 5,3 5,4 5,5 Facebookside fan Akke Marije Marinus.
  6. 6,0 6,1 Elverdink, Wieberen, Hollands Huidige Top Model, yn: de Ljouwerter Krante, 26 septimber 2017, s. 23.