Facebook

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Logo fan Facebook

Facebook is in sosjaalnetwurkside foar ûnder oaren skoalbern, studinten en wurknimmers. Sûnt maaie 2008 bestiet er in Nederlânsktalige ferzje. Yn desimber 2008 groeide de site mei 600.000 nije oanmeldingen deis. Yn april 2009 hie Facebook mear as 200 miljoen aktive brûkers, fiif moannen letter wienen dat der 50 miljoen mear. Yn july 2010 betsjinne Facebook al in heal miljard brûkers, sirka 7% fan it oantal ierdbewenners.

Facebook bestiet sûnt 4 febrewaris 2004 (doe hjitte it noch "The facebook"). Mark Zuckerberg is de oprjochter en algemien direkteur. It haadkantoar is yn Palo Alto, Kalifornje.

[bewurkje seksje] Beursgong

It bedriuw waard ein 2011 wurdearre op in bedrach fan tsjin 100 miljard dollar. Novimber 2011 waard bekend dat it bedriuw dêr't belizzers hjit op binne, wierskynlik tusken april en juny 2012 gean soe, sûnder gebrûk te meitsejn fan tsjinsten fan sakebanken.[1] Op 18 maaie 2012 gie Facebook yndie nei de beurs. De earste dei sleat it oandiel fraksjoneel heger yn it plak fan de grutte stiging dy't ferwachte waard.[2] De dei dêrnei sakke de koers in stik ûnder de útjeftepriis[3], sadat de twifels oer de wurdearring fan it bedriuw sterker waarden.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Facebook Targets Huge IPO, Wallstreet Journal, 30 novimber 2011
  2. (in) Facebook IPO loses steam at the end, Marketwatch, 18 maaie 2012
  3. Facebook shares fall below IPO price on second day, marketwatch.com, 20 maaie 2012
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen