Trekkeralvestêdetocht

Ut Wikipedy

Yn Ingelum waarden lange tiid behindichheidswedstriden foar âlde trekkers organisearre troch de OTMV. Dêr kaam altyd in soad publyk op ôf. Om 1990 hinne stelde ien fan de bestjoersleden (Jan Bruining) út om ris in alvestêdetocht foar âlde trekkers te organisearjen.

Destiid mochten lânboutrekkers lykwols allinnich brûkt wurde foar wurk dat streekrjocht mei de lânbou te krijen hie. De reaksje fan de plysje wie dan ek dat sa’n tocht útsletten wie. Net lang dêrnei feroare de wetjouwing datoangeande lykwols dat al rillegau waard yn 1994 de earste tocht holden. Der waard riden mei 40 dielnimmers dy’t har opjûn hiene yn 5 groepen fan 8 trekkers.

De publisiteit waard socht en in sjoernaliste fan it Agrarysk Deiblêd woe graach ferslach dwaan. Dat sil se nea wer ferjitte want it reinde de hiele dei hûnehokken dat se is yn Drylts opholden en hat de trein nei hûs nommen. Ek de man fan de earste oere, Jan Bruining, woe de brui der eins wol oan jaan mar de oaren hellen him oer om troch te setten en se kamen nei in barre tocht as fersopen katten yn Ingelum oan.

It is in tradysje wurden en ûnderwilens is de tocht 23 kear organisearre. Yn 2017 dogge 290 dielnimmers mei. De tocht is altyd oer twa dagen ferdield, beide dagen mei Ingelum as begjin- en einpunt. De earste deis wurdt it súdlike stik fan de rûte dien, de twadde deis it noardlike. Oernachtsje kin op de tydlike kamping by doarpshûs Skerne Wibe.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]