Age Wijnalda

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Age Wijnalda, tekene fan Wybrand Hendriks 28 maart 1792, mei in fers fan Adriaan Loosjes dat de Doopsgezinde Schaar neamd, gravuere fan Isaac de Wit
Age Wijnalda, "learaar, beroppen 1736" as earste namme op de list fan predikanten yn de Doperske tsjerke, Haarlim

Sir Age Piters Wijnalda[1] (Dokkum, 17 oktober 1712 - Haarlim, 19 oktober 1792) wie in Nederlânsk mennistysk learaar, predikant[2] en ien fan de earste leden fan it Teylers Earste Genoatskip fan 1778 oant sy dea. Hy wie de stichter fan de "Doopsgezinde Schaar" (in dopersk ynstitút).[3] Ien soan fan him dy't by namme bekend is wie IJnze Wijnalda (1736-1820).[1]

Age Wijnalda wie de twadde soan fan Piter Harmens en waard riddere troch de Kening fan Grut-Brittanje (yn it Herrenhausen-paleis, Hannover)[4] foar syn fertsjinsten foar de kroan - wierskynlik fanwege drystens yn in fjildslach, meidat der in helm yn syn wapen sit. Hy studearre oan it Remonstrante seminarium fan Amsterdam en stie dêrnei earst yn Emden 1733-1736 eardat er nei Haarlim ferfarre.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Genealogie Online oer Wijnalda
  2. ôfbyld mei koarte beskriuwing
  3. A.J. van der Aa et al. (1877), Biographisch Woordenboek der Nederlanden Part XX, s.475
  4. Boarnen ferskille oer hokker kening: William II of George II
  5. Agge Wynalda yn Global Anabaptist Mennonite Encyclopedia Online