Orkaan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Orkaan Elena, Golf fan Mexico. 1 septimber 1985. Foto: NASA

In orkaan, sykloan, tyfoan of taifoen is in tropyske sykloan of tropyske depresje, dêr de wynsnelheden fan boppe de orkaandrompel, wynkrêft 12, lizze. In orkaan ûntstiet út in tropyske stoarm as dy tanommen is oant wynkrêft 12. Orkanen kinne ûntstean yn de tropen en subtropen (oant ± de 35ste breedtegraad), mar net te ticht oan de evender, meidat dêr it korioliseffekt te swak is. Ien orkaan is per definysje in tropyske depresje, dy't al neigeraden syn krêft in tropyske stoarm wurde kin of in orkaan, tyfoan of sykloan. In stoarm sûnder tropyske skaaimerken, dy't boppe de orkaandrompel komt hjit in (ekstra-tropyske) stoarm mei orkaankrêft. Alle tropyske depresjes, dus ek orkanen foldogge oan trije skaaimerken:

  1. genôch atmosfearyske konfeksje
  2. in sletten sirkulaasje, dat wol sizze folslein rûn en net ûnderbrutsen troch in front
  3. in waarme kearn: de waarmste loft sit yn it each fan de depresje.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: