Lytse Antillen
Ut Wikipedy
| Lytse Antillen | |
|---|---|
| Basis ynformaasje | |
| Namme | Lytse Antillen |
| Eilannengroep | Antillen |
| Lokaasje | Karibyske See |
De Lytse Antillen is in eilannegroep yn de Karibyske See. Dizze groep eilannen makket diel út fan de Antillen. De eilannen meitsje diel út fan in lange fulkanyske bôge, wêrfan it grutste part oan de eastkant fan de Karibyske See leit, op de grins mei de Atlantyske Oseaan. De measte eilannen binne ûntstien troch subduksje, it oer elkoar skowen fan de tektoanyske platen.
Oannaam wurdt dat de eilannen fan Fenezuëla út befolke binne troch de Arowakken. De Lytse Antillen sels wurde wer ûnderferdield yn de Boppewynske Eilannen en de Underwynske-eilannen.
[bewurkje seksje] Boppewynske eilannen
De Boppewynske eilannen foarmje it grutste part fan de Lytse Antillen. Dizze eilannen rinne fan Puerto Riko oant de kust fan Fenezuëla.
[bewurkje seksje] Underwynske eilannen
De Underwynske eilannen lizze flak foar de kust fan Fenezuëla.
|

