Atlanta
| Atlanta | ||
| De lizzing fan Atlanta | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 416.474 (2000) | |
| Oerflak | 343,0 km² | |
| Befolkingstichtens | 1221/km² | |
| Polityk | ||
| Lân | De Feriene Steaten | |
Atlanta is de haadstêd en tagelyk de grutste stêd fan de Amerikaanske steat Georgia en telt 416.474 ynwenners (2000). De hiele agglomeraasje fan Atlanta telt 5.831.778 ynwenners (2009), de 10e grutste fan de FS. It is in wichtich yndustry-, ferkears-, hannels-, en finansjeel sintrum yn it súdeasten fan de Feriene Steaten. Wichtige attraksjes binne ûnder mear de Atlanta Botanical Garden, in botanyske tún, de "World of Coca-Cola", en de "CNN Studio Tour".
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
De stêd waard yn 1837 stifte as einpunt fan in spoarline, mei de tapaslike namme Terminus. Yn 1843 krige it de namme Marthasville en yn 1845 krige it de hjoeddeistige namme Atlanta.
Doe't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbruts, hie de stêd al 9.000 ynwenners. Atlanta wie in wichtich wyt fan de Unionisten, troch it belang as hannelsknooppunt. Yn 1864 waar de stêd 107 dagen belegere en nei evakuaasje fan de bewenners foar in grut part yn de brân stutsen. Dêrnei waard Atlanta yn koarte tiid opboud en waard it de haadstêd fan Georgia yn 1868.
Yn 1996 wie de stêd gasthear fan de Olympyske Simmerspullen en krige troch it hite waar de bynamme Hotlanta.
Geografy [bewurkje seksje]
Atlanta hat trije wichtige kommersjele sintrums binnen de stedsgrinzen: Downtown (sintrum), mar dêrneist ek wyken dy't ûntstiene as bûtenwiken: Midtown en Buckhead. Kommersjele sintrums en klusters kantoargebouwen binne der ek yn de bûtenwiken, benammen it gebiet Cumberland/Galleria (yn Cobb County) en Perimeter (krekt bûten de stedsgrinzen fan Atlanta yn de stêd Sandy Springs), mar ek tsientallen kilometers fierder by de autodiken I-75 yn Cobb County lâns, Georgia 400 en I-85 yn Gwinnett Counry. Dy gebieten befetsje wichtige foarstêden, lykas Marietta, Kennesaw, Sandy Springs, Alpharetta en Duluth.
Ekonomy [bewurkje seksje]
Yn Atlanta stiet it haadkertier fan oer de hiele wrâld bekende bedriuwen lykas The Coca-Cola Company, UPS en CNN. It fleanfjild fan Atlanta, Hartsfield-Jackson Atlanta International Airport, is mei 89 miljoen minsken dy't fleane yn it jier, de drokste fan de wrâld. Dat komt ek troch de oanwêzigens fan Delta Air Lines. Dy loftfeartmaatskippij is de grutste wurkjouwer fan de stêd en de tredde fan de regio.
Demografy [bewurkje seksje]
Fan de befolking is 9,7% âlder as 65 jier en bestiet foar 38,5% út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens is 5,1% (sifers folkstelling 2000).
Likernôch 4,5% fan de befolking fan Atlanta bestiet út hispaniks en latino's, 61,4% is fan Afrikaanske oarsprong en 1,9% fan Aziatyske oarsprong. Oer de hiele agglomeraasje Atlanta is de befolkingsyndieling oars: 57,8% blank, 31,7% swart, en 4,2% Aziatysk (2008). Hispaniks (dy't fan alle rassen wêze kinne) wiene yn 2008 9,6% fan de befolking.
It tal ynwenners gie fan 393.760 yn 1990 nei 416.474 yn 2000.
Klimaat [bewurkje seksje]
Yn jannewaris is de trochsneed temperatuer 5,0 °C, yn july is dat 26,0 °C. Jierliks falt der yn trochsneed 1289,6 mm delslach (gegevens op basis fan de mjitperioade 1961-2000).
Iepenbier ferfier [bewurkje seksje]
De stêd Atlanta en de kerngebieten fan de agglomeraasje, Fulton County en DeKalb County, stjoere mei-elkoar in iepenbier ferfierstsjinst oan, MARTA (Metropolitan Atlanta Rapid Transit Authority). MARTA hat neist in busnet ek in metro dy't bestiet út in noard-súd en in east-westline. De metro betsjinnet de lofthaven, Atlanta-sintrum en trije fan de fjouwer oare wichtichste kommersjele wiken, Midtown, Buckhead en Perimiter. In grut probleem is dat wurkjouwers en kommersjele sintrums ferspraat binne oer ferskate gebieten yn de agglomeraasje, fral oer de saneamde "bûtenwiken" yn it noarden (noarden fan Fulton County, Cobb County en Gwinnett County). Dy gebieten hawwe gjin metro- of spoarferbinings, der is grutte drokte op de mar lyts bytsje autodiken dy't der binne en troch de grutte ôfstannen kin it oeren duorje om mei de bus hinne te kommen út oare dielen fan Grut-Atlanta wei. Der wurdt hieltyd mear sprutsen om in regionaal spoarssyteem op te setten om wichtige kommersjele sintrums yn de bûtenwiken mei de rest fan de agglomeraasje te ferbinen en ek in tramline by de Cobb Parkway yn Cobb County lâns, dy't Kennesaw Mariette en it gebiet Cumberland/Galleria ferbine soe.
Berne yn Atlanta [bewurkje seksje]
- DeForest Kelley (20 jannewaris 1920, akteur.
- Martin Luther King (15 jannewaris 1929), dûmny en minskerjochtenaktivist.
- N'Dea Davenport (6 maaie 1966), sjongster
- Kanye West (8 juny 1977), rapper en produser