Hongaarsk
Ut Wikipedy
|
||||||||||||||||||||||||||||
Hongaarsk (Hongaarsk: magyar nyelv; letterlik: Hongaarske taal) is in taal mei sa'n fyftjin miljoen sprekkers. It is de offisjele taal fan Hongarije, en dêrmei ien fan de talen fan de Jeropeeske Uny.
Sprekkers [bewurkje seksje]
- Eastenryk: minderheidstaal, erkend - 14.000 sprekkers
- Hongarije: offisjele taal - 8.734.000 sprekkers
- Israel: minderheidstaal, erkend - 70.000 sprekkers
- Kanada: minderheidstaal, erkend - 75.555 sprekkers
- Kroaasje: minderheidstaal, erkend - 20.000 sprekkers
- Oekraïne: minderheidstaal, erkend - 187.000 sprekkers
- Roemeenje: minderheidstaal, erkend - 2.000.000 sprekkers
- Servje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e provinsje Woiwodina, njonken it Servysk - 420.000 sprekkers
- Sloveenje: minderheidstaal, erkend - 9.000 sprekkers
- Slowakije: minderheidstaal, erkend - 600.000 sprekkers
- USA: minderheidstaal, erkend - 117.973 sprekkers
Sibskip [bewurkje seksje]
Hongaarsk heart by de Ugryske talen fan de Finsk-Ugryske taalfamylje. Hongaarsk is dêrmei besibbe oan it Finsk en it Estsk.